Pier Bergsma: West Side Story, noch hieltyd aktueel

febrewaris 4, 2022 09:21

Boarne: boekje West Side Story 1962

Skôging

Sûnt koart kinne wy wer nei it teater en de film. Krekt foar de tichtplicht fan desimber seagen wy ‘West side story’ yn de Pathébioskoop fan Ljouwert. In wiere oanrieder: in prachtich nije bioskoop mei in grut skerm, ferstelbere stuollen, mei de resinte en spektakulêre ferfilming troch Steven Spielberg. Grif net minder as de ferfilme musicalferzje út 1961, dy’t yn Nederlân te sjen wie yn 1962 en doe moannen efterinoar draaide. De doe jonge aktrise Rita Moreno krige yn de nije ferfilming in spesjaal troch Spielberg betochte rol – hiel aardich – as wize âlde winkelfrou. Ik haw noch it boekje datst yn 1962 yn de bioskoop keapje koest. It bygeande plaatsje komt fan de foarside.

De leafde tusken de beide haadpersoanen Maria en Tony rint net goed ôf, likemin as yn Shakespeares drama ‘Romeo and Juliet’ út 1695, dêr’t de musical fan 1957 op basearre wie. De trageedzje is in gefolch fan mispleatst en misdiedich groepsgefoel. De problemen yn de West Side Story út de sechtiger jierren fan de foarige iuw binne spitigernôch yn Europeeske stêden noch aktueel.

In foarbyld is de situaasje yn de Frânske ‘banlieues’, sa’t de foarstêden fan bygelyks Parys neamd wurde. It giet om in ûngeunstige libbensomjouwing en om mislearre ûnderwiis, dat de oansluting mist mei wat de jongerein kin en wol. Fan de Frânske ‘frijheid, gelikensens en bruorskip’ komt op sokke plakken neat terjochte. Fan gelikensens is trouwens gjin sprake, want de jongerein mei benammen in Noard-Afrikaanske eftergrûn, wurdt útsletten en kriget gjin wurk.

Der binne in soad allinnichsteande âlden yn de banlieues. Dat hoecht net perfoarst op wetteleaze famyljes te tsjutten, mar it is wol in risikofaktor. Foar pubers en jong folwoeksenen binne leeftiidsgenoaten wichtich. Mei alle goede en gefaarlike kanten. As jongelju yn in problematyske groep telâne komme, is der alle kâns dat it misgiet, want de noarmen en wearden fan de groep jouwe de trochslach.

De film út 1961 waard wrâldwiid in sukses. Dat sil de Spielbergferzje ek wurde. It twadde ferske fan de film oer de twa jongereinbinden ‘Sharks’ en ‘Jets’ is de ‘Jet Song’. Dêr wurdt dúdlik it groepsgefoel yn besongen dat yn it ferhaal sa’n tragysk gefolch kriget.

When you’re a Jet,
You’re a Jet all the way
From your first cigarette
To your last dyin’ day.

When you’re a Jet,
Let them do what they can,
You got brothers around,
You’re a family man.

You’re never alone,
You’re never disconnected.
You’re home with your own—
When company’s expected,
You’re well protected!

Mar de Jets kinne it revolverskot fan Chino net keare.

Hjir de trailer fan de Spielbergfilm.

 

febrewaris 4, 2022 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.