Offisier fan justysje wol gjin Frysk ferstean: “te plat”

febrewaris 13, 2022 16:03
Boarne: Wikimedia Commons – Chris Potter – CC BY-SA 2.0

Dat it Frysk in taal is dy’t jo leare kinne, nee: ‘leare moatte’ as jo yn ien fan de rjochtbanken wurkje dêr’t Friezen berjochte wurde, dat koe offisier fan justysje Martin Scharenborg freed yn ‘e Ljouwerter rjochtbank neat skille. “Ik ben gewoon een Groninger”, sei er. “Als het te plat wordt, dan versta ik het niet”.

Juristen yn Ljouwert, Grins en Arnhim hawwe de ôfrûne jierren allegear de mooglikheid hân om kursussen Frysk te folgjen. Scharenborg hie dêr blykber gjin gebrûk fan makke. Troch it Frysk plat te neamen, lei er de taal ek noch leech.

Rjochtbankfoarsitter Bert Dölle wie neat net gelokkich mei de útspraak fan de offisier, dy’t yn de rjochtbank stiet as fertsjintwurdiger fan de oerheid. Hy sei: “Dan hebben we een probleem, ik wil niet dat de verdachte daar nadeel van ondervindt.” Dölle wol mei it iepenbier ministearje, de wurkjouwer fan Scharenborg, yn petear oer de saak.

Oanlieding wie dat in 71-jierrige fertochte Frysk prate woe, in rjocht dat him neffens de wet net ûntnommen wurde kin. De man ferbruts him net en Scharenborg sei nei ôfrin dat er it Frysk dochs wol aardich begrepen hie.

febrewaris 13, 2022 16:03
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga febrewaris 13, 21:42

    Offisier fan justysje Martin Scharenborg bliuwt in Grinzer. Grinzers hawwe net folle mei it Frysk. Dan binne je heech oplaad en skelle op it Frysk.
    Grins: “Sa grutsk as it skythús fan Grins” neffens it Frysk Hânwurdboek.

  2. Kerst Huisman febrewaris 14, 18:01

    Ik soe tsjin dy Scharenborg sizze wolle: Most oe stilholden mienjong, aans sol ik dou levendig opfreet’n en de bodd’n in knaol spijden.

  3. Th. Dykstra febrewaris 16, 16:00

    Hoe geskikt is dizze ‘offisier’ fan Justysje foar it wurk yn de rjochtbank? Syn útspraak jout oan dat de man net neffens wet en regeljouwing tinke en hannelje wol as it om de befolking yn Fryslân giet. Oerpleatse.

  4. Fedde Dijkstra maaie 5, 21:01

    Sûnt 1 july 2020 is it tolktaryf ûnderhannelber. It Iepenbier Ministearje wegeret mei de tolken oer it taryf te ûnderhanneljen. De tolken Frysk binne wol beskikber (iksels ek wol), mar binne net mear ree om foar in nea yndeksearre taryf út 1981 te wurkjen. De steat wol merkwurking, mar is net ree om te ûnderhanneljen en skeint dêrmei de rjochten fan Friezen.

  5. Martinus maaie 10, 17:08

    Jimme witte dus noch net dat de oerheid net mear bestiet. Jim tinke mei in oerhied te krijen ha, dochs it binne hannelsûndernimmingen, al sûnt de jierren 80. En jim witte dat it by in hannelûndernimming it om de winst giet. Dat sadwaande jowe je dan net jild út oan tolken/oersetters fan in barchetaal. Sa is ek de Twadde en Earste Keamer in hannelsûndernimming, lyk as de provinsje en de gemeente. Gewoan nei te sjen by de KvK.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.