Nije Fryske app ‘Wurdian’

febrewaris 10, 2022 08:47

Online skrabbelje yn it Frysk kin yn de nije app Wurdian, in útfining fan wittenskipper Ronald van den Berg.

Foto: pixabay.com

Ronald van den Berg (42) woe yn 2019 foar de hobby sels in skrabbel-app bouwe. Hy hat earder ynformatika studearre oan de Ryksuniversiteit yn Grins en hy mei graach programmearje. “Ik wie as jonkje altyd al mei kompjûters oan it kloaien en ik lear graach nije dingen.” It bouwen fan de app wie lykwols folle mear wurk as er tocht. “Der sit in soad frije tiid yn.” Mei help fan filmkes op YouTube krige er it foarinoar.

Syn útfining leit no yn de appwinkels fan Google en Apple en kriget in protte wurdearringsstjerren. Wurdian moat it wrâldferneamde Wordfeud oertreffe om’t de spulopsjes mear fariaasje ha en wiidweidiger binne. Der is ek in snelspul-opsje; spilers moatte dan binnen njoggentich tellen in set dwaan, ynstee fan binnen 48 oeren. Yn Wurdian is it boppedat mooglik om mei ferskate spilers de striid oan te gean.

Van den Berg groeide op yn Warten. Nei syn ôfstudearjen yn ynformatika die er postdokûndersyk oan it Baylor College of Medicine yn Houston en oan ’e universiteit fan Cambridge. Hy wurket no oan ’e Universiteit fan Stockholm, dêr’t er mei syn Sweedske frou wennet.

Wurdian is ek yn it Frysk te spyljen. Dat is ek in opsje dy’t mist yn Wordfeud. De no 15.000 spilers wenje oer de hiele wrâld. De Afûk en de Fryske Akademy helpe Van den Berg om de taalfunksje yn de app fierder te ferbetterjen. Neist it spyljen is it mooglik om yn de app mei-inoar te tsjetten.

febrewaris 10, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.