Nij fan Praat mar Frysk: Fryske ‘wibelders’
Resint ferskynd

Foto: Praat mar Frysk
Om’t it op 21 febrewaris ynternasjonale dei fan de memmetaal is én om’t lang om let de winkels wer iepen meie, hat it team fan Praat mar Frysk spesjaal foar de detailhannel wat nijs betocht, nammentlik Frysktalige wibelders. De wibelders (ek bekend as ‘wobblers’ of ‘schap-stoppers’) litte yn in winkel in rim, kassa of baly ekstra opfalle. En winkellju meitsje ek noch op in aardige manier dúdlik dat it Frysk by harren wolkom is.
De wibelders binne te krijen mei de teksten:
– Nij!
– Oanbieding!
– Praat mar Frysk
– Frysk is Wolkom
– Hjir kinst ek Frysk prate
De wibelders wurde levere mei befêstigingsmateriaal. Se binne fergees te bestellen op www.praatmarfrysk.nl/websjop. Mear ynformaasje is te krijen fia mailadres praatmarfrysk@gmail.com.
Foto’s fan de wibelders
De Afûk wol graach foto’s tastjoerd krije fan wibelders dy’t in plakje yn ’e winkel krigen ha. Dy kinne upload wurde nei Instagram, Facebook en Twitter fan de Afûk. Maile nei boppesteand mailadres kin ek.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje