Needgjalp

febrewaris 21, 2022 12:20

Ynstjoerd

Oan ús stipers en freonen, in needgjalp

Nijlân, 18 febrewaris 2022

Bêste minsken,

Nei de oarloch kaam de Fryske Beweging mei plannen foar in tinkstien op it Reaklif en it hâlden fan in grutte “Biwegingsdei”.

It monumint is der yn 1951 kommen ûnder lieding fan boumaster Arjen Witteveen. Sûnt dy tiid is dat it plak foar in bewegingsdei yn de foarm fan in betinking nei oanlieding fan de saneamde Slach by Warns. De Hollânske greve woe syn macht oer it Fryske gebiet útwreidzje tsjin it sin fan de befolking. Dat soks fan alle tiden is bewiist hjoed-de-dei bygelyks it drigemint fan presidint Poetin Oekraïne te besetten as dat lân net binnen de Russyske ynfloedssfear bliuwt.

It monumint hat fan ’t simmer in opknapbeurt hân. Net allinne komt op de betinking folk del, mar hast alle dagen is it dêr in kommen en gean fan toeristen, dy’t harren ôffreegje wat ien en oar te betsjutten hat. It ynformaasjeboerd jout útlis oer wat der yn 1345 barde, mar ús ûnderfining is dat der noch te min begryp is – by sawol eigen minsken as toeristen – foar it rjocht op frijheid fan de Fryske mienskip foar eigen taal en kultuer oer. Spitigernôch wurde monumint en betinking gauris noch sjoen as ‘anty-Hollânsk’, wylst it in oprop is foar (mear) demokrasy: in minderheid ek de romte jaan.

It Stiftingsbestjoer hat de taak om alle jierren in betinking te organisearjen, dy’t ‘by de tiid’ is. Neffens it karbrief bestiet it bestjoer út op syn minst 5 leden. Troch betankjen en ferstjerren binne op dit stuit trije bestjoersleden aktyf. Twa dêrfan mei 19 en 12 ‘tsjinstjierren’ nimme om reden fan leeftyd en sûnens ôfskied. It seit himsels dat mei ien bestjoerslid der gjin breed droegen betinking te organisearjen falt. Oerlis mei de Fryske Beweging hat gjin bestjoersleden opsmiten.

It Stiftingsbestjoer docht dêrom in needoprop oan stipers en freonen foar help. Dat kin yn ’e foarm fan it oan ús trochjaan fan nammen fan gaadlike persoanen, dy’t wy as bestjoerslid freegje kinne.

It soe foar in selsbewust Fryslân in minne saak wêze as der gjin goed bestjoer mear wêze soe. It monumint soe ûnbeheard bliuwe en dubieuze persoanen/groepen soenen misbrûk meitsje kinne fan de sitewaasje.

It bestjoer rekkenet op jimme meitinken en meiwurking.

Mei freonlike groet en tank foar reaksjes,

Tom Dykstra, foarsitter
e-mail: dijkstrathomas@hotmail.com; till. 0515 – 331868

Tsjitske Meesters, skriuwster/ponghâldstert,.
e-mail: tjitskemeesters@outlook.com; till. 0515 – 569813

febrewaris 21, 2022 12:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.