Nederlânsk regear: gean wer nei kantoar ta
Resint ferskynd
It Nederlânske regear ret minsken net langer oan om thús te wurkjen. Alteast, it ynlûken fan dat advys sil neffens de NOS nije wike tiisdei buorkundich meitsje. It nije regear wol de ferplichtings en ferboaden dy’t mei it tsjingean fan ‘e koroanasykte gearhingje foar in grut part skrasse.
Kafees en restaurants meie wer langer iepen en minsken hoege net langer oardel meter ôfstân fan inoar te hâlden. Wol sille minsken mei in test bewize moatte dat hja gjin koroana ûnder de lea hawwe om bygelyks nei in foarstelling ta te kinnen.
No sneon protestearje konsertsealen, teaters en diskoteken rûnom yn Nederlân tsjin de besteande regels. Hja wolle út protest iepengean. De plysje, dy’t op ‘t heden boljaget, sil dat nei alle gedachten gewurde litte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje