Matthijs Verkuijl: It lân fan Rink

febrewaris 25, 2022 08:42

Skôging

Foto © Matthijs Verkuijl

It lân fan Rink is de titel fan in artikel fan It Fryske Gea oer it gebiet om De Feanhoop hinne. Simmerdeis bekend troch it muzykfestival en it skûtsjesilen by de Wide Ie, mar foar de rest fan it jier in paradys foar kuierders, fytsers en leafhawwers fan wettersport en natuer. Der is in spesjale Rink van der Velde-kuiertocht. Dy begjint by de brêge njonken it restaurant It Polderhûs. Ik hie noch nea yn dy omkriten west. Troch it artikel waard ik nijsgjirrich, dat ik bin derop útgien. Tige de muoite wurdich!

De skriuwer (1932-2001) waard ferneamd, net allinnich troch syn wurk by ûnderskate kranten, mar benammen troch it skriuwen fan in soad boeken. Romans, kafeeferhalen, mar ek oer de Twadde Wrâldoarloch. Bygelyks De Fûke, Alde Maaie en De Ofrekken. Fansels ken mannichien wol de blomlêzingen út it sabeare fiktyf wykblêd fan it Bokwerder Belang.

In part hat er skreaun yn de skriuwersarke by de petgatten oan de Drachtster Heawei nûmer 19. Earst wie dat in suterich arkje, mar letter nei in ferbouwing in fernijd gebou op in prachtige lokaasje, dat er op in stuit ferkocht hat oan It Fryske Gea. Skriuwers en keunstners meie yn oerlis mei de eigener har dêr in oantal wiken weromlûke om yn alle rêst harren wurk te dwaan.

Foto © Matthijs Verkuijl

Underwilens kinne se genietsje fan de omjouwing en de stilte. Van der Velde sels wie in leafhawwer fan fiskjen. Fansels is it gjin lúks hotel, mar dat is meastentiids ek net nedich om yn alle stilte te skriuwen en jin te konsintrearjen. Dêrneist leit it net sa ôfhandich as wol it gefal wie mei Rottumereach, yn 1971 it ferbliuw fan de skriuwers Godfried Bomans en Jan Wolkers.

Ynformaasje: info@itfryskegea.nl, telefoan 0512-381448.

febrewaris 25, 2022 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.