Liza Prins dûkt yn libben en wurk fan Tiny Mulder

febrewaris 4, 2022 09:45

Liza Prins is de earstfolgjende keunstner dy’t by Keunsthûs SYB foar in residinsje te gast is. Fan 7 febrewaris o/m 20 maart dûkt se yn it libben en wurk fan Tiny Mulder.

Liza Prins (l.) en Layla Durrani (boarne Keunsthûs SYB)

Tiny Mulder (1921-2010) wie skriuwster, dichteresse, sjoernaliste en lid fan it Fryske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Har fêsthâlden oan it skriuwen yn it (Westerlauwersk) Frysk, in taal dy’t inkeld sprutsen en begrepen waard troch rûchwei 700.000 minsken, as in died fan ferset tsjin nasjonalistyske streamingen dy’t de ferneatiging fan lokale kultueren ta gefolch hiene, foaral yn de fjirtiger jierren, luts Liza Prins har omtinken.

Tiny Mulder (boarne Tresoar/Sirkwy)

Yn har residinsje ûndersiket frou Prins it idee fan taal as ferset, mei de Fryske taal as in spesifyk situearre foarbyld dêrfan yn in Nederlânske kontekst. De Fryske taal is foar har dêrneist in middel om te begjinnen mei it learen fan (en oer) in net-bûtenlânske minderheidstaal en de útspraak en belicheming dêrfan. By it learen fan en oer de Fryske taal is it wurk en libben fan Tiny Mulder sawol in belangryk elemint yn de metoade fan ûndersyk as in boarne fan ynspiraasje.

Liza Prins wol in wurkatelier/kolletive learûnderfining ûntwikkelje dêr’t dielnimmers it poëtyske wurk fan Tiny Mulder yn belichemje sille. In letterlike foarm fan oersetten wurdt mijd, en dêrmei ek it geweld dat sa’n oersetting (yn it Nederlânsk) op har wurk útoefenje soe. In twadde elemint dêr’t se oan wurkje sil, is in samling teksten yn it Frysk en it Ingelsk, wêrûnder in stikmannich gedichten fan Tiny Mulder, annotearre mei selsûntwikkele oantekeningen oer de útspraak, in tekst oer Tiny Mulders libben en wurk as skriuwster en fersetsheldinne, en in essee oer stimgebrûk en oer in filosofy fan de spesifisiteit fan stim en taal as foarm fan ferset.

Liza wurket yn har residinsje gear mei Ed Knotter, dosint Frysk en oersetter foar Keunsthûs SYB, om in byld te krijen fan de tonaliteiten dy’t yn Fryske stimmen ta útdrukking komme, de skiednis fan it Frysk en (non-)oersettingen. Sy sil ek gearwurkje mei Tresoar, it argyf dat in protte skatten herberget as it giet om Fryske taal en kultuer, wêrûnder lûdsopnamen fan Tiny Mulder.

Yn de tiid fan de residinsje fan Liza Prins is Keunsthûs SYB yn Beetstersweach sneons en sneins fan 13.00-17.00 oere iepen, ûnder foarbehâld fan de maatregels oangeande it koroanafirus.

Oer de keunstner
Liza Prins is in keunstner, ûndersiker en skriuwer fêstige yn Amsterdam. Hja waard oplaat as keunstner oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam en oan de School of the Art Institute of Chicago en studearre ôf mei in master yn artistic research oan de Universiteit fan Amsterdam. Har skripsje wie rjochte op de reitsflakken tusken feministyske, nij materialistyske metodology en útfierende artistike praktiken. Har hjoeddeiske wurk rjochtet him op it werynterpretearjen en werwurdearjen fan foarmen fan arbeid dy’t faak as froulik kodearre wurde. Yn resinte wurken is har fokus wat ferskood fan de arbeid nei de op stim basearre praktiken dy’t ûntwikkele waarden yn ynteraksje mei it wurk, net selden as in foarm fan ferset, lykas it gefal wie mei de wurklieten fan de yndustrialisaasje. Har wurk is ûnder mear útstald yn Nieuw Dakota yn Amsterdam, Stedelijk Museum Buro Amsterdam, Hotel Maria Kapel yn Hoarn en The Roger Brown House yn Chicago. Har teksten binne publisearre yn akademyske en minder-akademyske tydskriften en boeken, as Metropolis M, Snaky Zine, Antennae en Platform Taak. Yn 2019 ûntfong se in jongtalintbeurs fan it Mondriaan Fûns.

Oprop
De keunstner wol graach mear witte oer it libben en wurk fan Tiny Mulder. Wa’t mear ynformaasje hat, kin kontakt opnimme mei Liza Prins: lizaprins@gmail.com, of in e-mail nei info@kunsthuissyb.nl stjoere.

febrewaris 4, 2022 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.