Liet Ynternasjonaal 2022 definityf yn Noardsleeswyk/Denemarken

febrewaris 12, 2022 08:32

Fan 1 febrewaris 2022 ôf hat Denemarken gjin koroanabeheiningen mear. Dêrom hat de gasthear fan Liet Ynternasjonaal 2022, de koepelorganisaasje van de Dútske minderheid, Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN) yn gearwurking mei de stichting achter Liet International besletten om Liet International 2022 definityf op 13 maaie 2022 yn Tondern/Tønder, yn it suden fan Denemarken, te organisearjen. Lokale gasthear Uffe Iwersen seit “We as German minority in Denmark are very proud to host LIET International 2022 in Tønder/Tondern. The German-Danish border region is one of the most diverse regions in Europe in terms of language and culture. It’s the perfect place to celebrate European diversity.” 

The Rowan Tree (boarne: Liet Ynternasjonaal)

28 lieten wiene foar Liet Ynternasjonaal 2022 ynstjoerd. In seleksjesjuery besteande út Nick Veenstra (Nederlân), sjueryfoarsitter fan it Frysk sjongfestival Liet 2021, Laura Fosten (Feriene Keninkryk), lid fan de Kornyske band The Rowan Tree, winner fan Liet International 2018, en Uffe Iwersen (Denemarken), kultuerkonsulint by de Bund Deutscher Nordschleswiger, de organisatoaren fan Liet Ynternasjonaal 2022, hiene de drege opjefte om in seleksje te meitsjen. Neist harren seleksje binne der ek in oantal muzikanten út de regio streekrjocht troch de organisaasje útnûge.

De dielnimmerslist bestiet wer út in hiel ferskaat, sawol sjoen nei de ferskillende regio’s en minderheidstalen, as ek nei de muzykstilen. Foar Nederlân komt Adri de Boer út mei it liet ‘Bliuw mar by my’.

It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar de earste kear organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 ûnder de beskerming fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt elts jier in soad oandacht fan de media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. It ynternasjonale sjongfestival wurdt om ’e twa jier organisearre. Yn 2018 wie de lêste edysje yn Ljouwert. De edysje fan 2020 soe holden wurde yn Aabenraa/Åbenrå, mar waard yn ferbân mei de koroanapandemy annulearre. Mear ynformaasje oer Liet Ynternasjonaal is hjir te finen: lietinternational.com.

Noardlik fan de Deensk-Dútske grins yn Noardsleeswyk wenje sa’n 15.000 minsken dy’t by de Dútske minderheid hearre. Dy minderheid hat eigen skoallen en in grut ferskaat oan sosjale en kulturele organisaasjes en soarget foar in wichtige skeakel tusken de Dútske en Deenske kultueren. De gasthear fan Liet International is de koepelorganisaasje fan de Dútske minderheid, Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN). Dy wurket foar de organisaasje gear mei de Deenske en Noard-Fryske minderheid yn it noarden fan Dútslân – fertsjintwurdige troch harren kulturele en koepelorganisaasjes Sydslesvigsk Forening and Friisk Foriining. Dêrneist meitsje in soad oare regionale en lokale partners en sponsoaren diel út fan dit kulturele hichtepunt. Mear ynformaasje oer de Dútske minderheid en de Dútsk-Deenske grinsregio kin hjir fûn wurde: www.bdn.dk en www.nordschleswig.dk.

It lânskip fan de Dútsk-Deenske grinsregio is oantreklik en ôfwikseljend. Der is in heuvelich lânskip by de Baltyske see lâns, in idyllysk binnenlân en de kust fan de Noardsee mei de Waadsee en diken. It grinslân is histoarysk foarme mei Dútske en Deenske ynfloeden en ferskowende machtsstruktueren. Oarloggen binne hjoed-de-dei ferfongen troch freedsum gearwurkjen en fan wjerskanten stypjen, dêr’t de Dútske minderheid oan de Deenske kant en de Friezen en Denen yn Súdsleeswyk oan de Dútske kant in bydrage oan it kultureel ferskaat fan de regio by leverje. Dy hege konsintraasje fan minderheden soarget automatysk foar in grut ferskaat oan talen. Neist Dútsk en Deensk, wurde de regionale en minderheidstalen Frysk, Platdútsk en Synnejysk yn dy regio sprutsen.

febrewaris 12, 2022 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.