Leaden liedingen wurde ferbean yn hierhuzen, skoallen en berne-opfangsintra
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1
It ministearje fan Folkshúsfêsting folget it advys fan de Sûnensrie út 2019 op om leaden liedingen yn skoallen, hierwenten en berne-opfangsintra te ferbieden. Dy oardielet dat lead yn drinkwetter skealik is by deistich gebrûk, foaral foar poppen en jonge bern. Wannear’t it ferbod yngiet, is noch net bekend, lit minister De Jonge fan Wenjen yn in Keamerbrief witte.

Foto: pixabay.com
De Jonge kiest net foar in algemien ferbod. Eigner-bewenners wurde neffens him genôch ynformearre oer de risiko’s fan leaden liedingen, sels mei klam op it momint fan oankeap. Neffens de minister hat dy groep in eigen ferantwurdlikheid as it giet om skjin drinkwetter en it ferfangen fan de leaden liedingen.
Yn Amsterdam is it probleem mei leaden liedingen it grutst. Dêr steane 70.000 wenten út de bouperioade dêr’t sokke liedingen yn oanlein binne. Yn 2019 waarden yn wenten yn Amsterdam-Noord hege konsintraasjes lead yn it drinkwetter fûn. Fia liedingen kin lead yn it drinkwetter telâne komme. Dat is sels yn lytse hoemannichten al tige skealik foar de sûnens.
Yn wenten dy’t foar 1960 boud binne, kinne leaden drinkwetterliedingen wêze. Nei 1960 waard it ferbean om nije oan te lizzen. Neffens rûzing hawwe tusken de 100.000 en 200.000 fan de yn totaal acht miljoen wenten yn Nederlân noch liedingen fan lead.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje