Kursus Skylingers op Skylge

febrewaris 21, 2022 09:16

Fan generaasje op generaasje binne op Skylge de dialekten Aasters, Meslânzers en Skylingers oerjûn. Mei it ferdwinen fan de boeren en seelju wurdt it eilanner dialekt it Skylingers hieltyd minder praat. Eilânbewenners komme sûnt koart byinoar om yn it Skylingers te lêzen en te praten. Hja hoopje dat se dêrmei it dialekt rêde kinne.

Skylge (foto: Wikipedia/J. Hellingman – CC BY-SA 3.0)

Oan de kursus dogge likernôch sechtich minsken mei. Se lêze dan mei-inoar in tekst. Om bar lêze se in stik lûdop foar en as it nedich is, wurde se troch kursuslieder Wietse Zeijlemaker ferbettere. It Skylingers is syn ‘mimmetaal’. Hy hat it fan syn mem leard en fynt it wichtich dat it bestean bliuwt. “Wat is der nou moaier as je op de buorren rinne en dat je it dan hearre. It is eigen.” Edith de Witt-Roos is de inisjator fan de praatjûnen. Sy tinkt dat de drompel om it Skylingers te praten heech is, mei’t men der net mei grutbrocht is. Har heit boaske mei in frou fan de fêste wâl en dêrtroch learde frou De Witt Nederlânsk. Hja jout oan dat de fyftigers en sechtigers it dialekt net mear meikrige ha.

Dêrby spilet neffens har ek mei dat yn de sechtiger jierren it toerisme op Skylge op gong kaam en in soad Skylgers tochten dat it better wie om net mei it dialekt op te groeien mei’t se fierder komme soene mei it Nederlânsk. Frou De Witt fynt dat spitich. Har heit hat eartiids Skylingerles op basisskoallen jûn en yn de njoggentiger jierren wiene der praatgroepen.

Underwilens hat frou De Witt de stifting Mimmetaal oprjochte en wol se mei help fan subsydzje kursusmateriaal ûntwikkelje, sadat se fan novimber oant en mei maart takom jier in kursus Skylingers oanbiede kin. Hja hopet dat ek de jongere generaasjes en bern fan basisskoallen in lesplan krije kinne om mei it kultuerhistoarysk stik fan it eilân yn kontakt te kommen. En se hopet dat de minsken fan de praatjûnen as se inoar tsjinkomme op strjitte besykje “Schylingers te preitsjen”.

Boarne: Omrop Fryslân

febrewaris 21, 2022 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.