Koroanapas fan heal miljoen minsken sûnder oppepprip ferfalt no freed

febrewaris 1, 2022 08:48

Fan in goed heal miljoen minsken ferfalt it koroanatagongsbewiis no freed om’t se noch gjin oppepprip helle hawwe. Minister Kuipers skriuwt oan de Twadde Keamer dat it om op syn meast 540.000 minsken giet.

Foto: pixabay.com

De jildigens fan de koroanapas wurdt beheind oant 180 dagen nei besmetting en 270 dagen nei faksinaasje. Minsken dy’t foar 1 maaie harren lêste prip helle hawwe (ien prip fan Janssen of twa fan in oar goedkard faksin) hawwe dus in oppepprip nedich om noch sûnder ekstra betingsten op reis te kinnen. De jildigens fan de oppepprip is foarearst ûnbeheind.

Neffens Kuipers kin de koartere jildigenstermyn derta liede dat mear minsken in oppepper helje sille. De koroanapas foar tagong ta ûnder mear hoareka en kulturele ynstellingen kin ek krigen wurde nei in negative testútslach of as se fan koroana genêzen binne.

De beheinde jildigens hinget gear mei nije Europeeske ôfspraken. De EU-lidsteaten woene de terminen opinoar ôfstimme. Sy hawwe kediisd dat fan hjoed ôf de jildigens fan it koroanabewiis foar faksinearren dy’t yn de EU reizgje wolle noch mar njoggen moanne (270 dagen) is. Eastenryk en Italië stelden ein ferline jier ekstra easken oan reizgers, doe’t it omikronskaai him gau útwreide, mar troch de nije ôfspraak jilde no oeral yn de EU deselde regels.

febrewaris 1, 2022 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.