“Kom in botsing tusken natuer en klimaat yn ’e Noardsee foar”

febrewaris 17, 2022 08:36

Ut ûndersyk fan Stichting De Noordzee docht bliken dat de ekologyske kennisûntwikkeling hieltyd fierder efterrint op it ferhastigjen fan de enerzjytransysje.

Foto: De Rijke Noordzee

Stichting De Noordzee is bang foar in senario dêr’t it beskermjen fan de Noardseenatuer en it heljen fan de klimaatdoelen inoar by yn ’e wei sitte. It kommend jier wurdt der al belied makke om it útrôljen fan ‘wyn op see’ noch fierder op te skalen nei 2030, wylst in protte ekologyske ûndersiken noch úteinset wurde moatte en de resultaten dus net meinommen wurde kinne. Der ûntbrekt noch in protte kennis oer de ekologyske risiko’s fan it grutskalige útrôljen fan wynparken op see, foaral yn kombinaasje mei oare drukfaktoaren lykas oalje en gas, skipfeart, sânwinning en fiskerij. De kâns wurdt hieltyd grutter dat de ambysje foar wyn op see net mear yn de ekologyske draachkrêft fan de Noardsee passe sil. Dat docht bliken út in krekt ferskynd rapport fan Stichting De Noordzee.

Om de klimaatdoelen fan it Akkoart fan Parys te heljen, wurde der de kommende jierren in protte wynparken yn de Noardsee boud. De Nederlânske oerheid set ûnder oare yn op wyn op see om oan 55% CO2-reduksje te foldwaan yn 2030 neffens 1990. Op it stuit hawwe wynparken yn de Nederlânske Noardsee in kapasiteit fan 2,5 gigawatt. Om 2030 hinne sil dat oant sa’n 21,5 gigawatt oprûn wêze.

Ferearme Noardseenatuer
“Foar in sûne Noardsee is it wichtich dat klimaatferoaring én de ferearming fan de Noardseenatuer oanpakt wurdt”, leit Ewout van Galen fan Stichting de Noordzee út. “De Noardseenatuer is ferearme. Nederlân moast eins yn 2020 al ‘de goede miljeutastân’ berikke: in tastân dêr’t de see skjin, sûn en produktyf yn is, in grut ekologysk ferskaat hat, mei inkeld duorsum gebrûk. It giet no bygelyks minder mei guon seefûgelpopulaasjes en de seeboaiem wurdt noch hieltyd tige fersteurd.

Neffens Stichting De Noordzee binne der foar de ûnderwetternatuer foardielen oan wynparken op see. Der is relatyf mear rêst en romte foar de natuer troch in ferbod op boaiemfersteurende fiskerij binnen wykparken. Dêrneist wurde Nederlânske wynparken net boud yn de ekologysk meast weardefolle gebieten, lykas de Klaverbank en it Fryske Front, sadat de natuer him dêr better ûntjaan kin.

Brúnfisk (foto: Renate Olie | Stichting Rugvin)

In botsing tusken natuer en klimaat foarkomme
Ewout van Galen docht in stikmannich oanrekommandaasjes. “Wy moatte in situaasje foarkomme dêr’t it beskermjen fan de Noardseenatuer en it heljen fan de klimaatdoelen inoar by yn ’e wei sitte. Mei bygelyks it mooglike ferlies fan in fûgelsoart reden wêze om in wynpark wol of net te bouwen? Om de natuer yn syn gehiel te fersterkjen, is it ynearsten needsaaklik om de weardefolle Noardseenatuergebieten sa gau mooglik te beskermjen. En it ûndersyk nei de ekologyske risiko’s moat ferhastige en fergrutte wurde. Dêrneist moat der romte wêze yn de planning om ûndersyksresultaten mei te nimmen foar de fierdere opskaling. Allinnich sa kinne we én de klimaatferoaring tsjingean, én de Noardseenatuer beskermje.”

febrewaris 17, 2022 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.