Kant en kleare muzykles foar alle Fryske basisskoallen
Resint ferskynd
Taal- en keunstorganisaasjes yn Fryslân hawwe de hannen yninoar slein. Sûnt 8 febrewaris stiet in kant en kleare Fryske muzykles foar basisskoallen klear. Wêrom? Om’t nei de tichtplicht it groepsproses omtinken nedich hat op skoalle. Boppedat hawwe sjongen, muzyk meitsjen en meartalichheid positive kognitive effekten.

Boarne: SjONG
De muzykles wurdt fergees oanbean troch SjONG junior, it Fryske sjongfestival foar basiskoallen. De muzykles kin los dien wurde, mar troch it resultaat fan de les yn te stjoeren kinne skoallen har tagelyk ek pleatse foar de grutte finale fan SjONG junior yn De Lawei yn Drachten. De acht skoallen dy’t har pleatse meitsje ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten in eigen liet. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjil en is te sjen yn de searje dy’t fan april op telefyzje is. De muzykles is no online te folgjen fia www.sjong.frl en ynstjoere foar SjONG junior kin oant en mei 11 maart.
Yn ús lân, en dus ek yn Fryslân, wurdt in soad songen. Yn ferskate foarmen, mar ek yn ferskate talen. Hoewol it fanselssprekkend liket, is it net fanselssprekkend dat bern op de basisskoalle sjongen leare of yn de frije tiid yn in band of in koar. Al hielendal net as it giet om de eigen taal, it Frysk. SjONG junior springt dêrop yn mei de kant en kleare muzykles én it sjongfestival foar basisskoallen. De fakken muzyk en Frysk kinne sa yntegrearre wurde op skoalle.
SjONG en SjONG junior
SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, professionele help fan muzikanten en programma’s. It hjit no SjONG junior. SjONG, de sjong contest foar fuortset ûnderwiis, en Sjongfestival wurkje no mei-inoar op. Dit jier wurdt SjONG junior holden, takom jier SjONG.
SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje