Kâns op mear gaswinning Grinslân en djoere benzine troch Russyske oanfal
Resint ferskynd
It kin wêze dat der dochs mear gas út de Grinslanner boaiem helle wurdt, no’t Ruslân de Oekraïne binnenfallen is. Dat seit Lucia fan Geuns, enerzjy-saakkundige by it Centrum voor Strategische Studies yn De Haach.
Hja tinkt net dat dat meikoarten al nedich is, mei’t de temperatueren frij heech binne foar de winter en de winter hast foarby is. Foar de kommende winter is boppedat mear tarieding mooglik, lykas it heljen fan gas út oare lannen. Dochs is it net út te sluten dat mear gaswinning nedich is.
“Het noodplan waar de overheid mee zou komen over hoe om te gaan met ons gas voor deze situaties moet nu echt een keer klaar zijn. Ik zou het noodplan graag meer in detail willen zien”, seit frou Van Geuns.
De leveringsferplichting oan Dútslân is neffens de saakkundige wol in akút probleem, dat betsjutte kin dat mear gaswinning yn Grinslân nedich is.
De gasprizen stige hurd troch de Russyske oanfal, benammen no’t Dútslân de meiwurking oan de ûndergrûnske gaslieding Nord Stream 2 opsein hat. De benzinepriis sil nije wike yn Nederlân op likernôch 2,25 euro de mingel útkomme, is de ferwachting fan konsuminte-organisaasje UnitedConsumers.
Hiel ferfelend foar de minsken yn Grinslân. Dat mien ik echt. Lykwols tink ik dat der no echt wol sprake is fan oermacht.