Jelle Wiersma nimt kop by Frysk damjen

febrewaris 27, 2022 15:42

Ferslach fan de fjirde en fiifde omloop yn it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul, sa’t dy sneon 26 febrewaris 2022 yn Skearnegoutum ferspile binne.

Yn de earste trije omlopen fan it persoanlik kampioenskip by it damjen Frysk spul wie it optreden fan titelferdigener Jelle Wiersma net al te daverjend. Twa kear rûn er yn in dikke slachset, en dat betsjutte dat er al oardel punt skea oprûn hie. Mar ôfrûne sneon seagen we de echte Wiersma wer werom. Hy wûn yn beide omlopen, en dêrmei stiet de Wommelser âlderwenst wer oan ‘e kop.

De moarns kaam er tsjin Hein de Vries al gaueftich in hout foar. Dat stik waard letter weromoffere om nei daam trochbrekke te kinnen, en dat bliek genôch foar de oerwinning. De middeis moast de bûter dan jild jilde tsjin Siebe Walinga. Hoewol’t dy de dei yngien wie as ferrassende koprinder, hie er de moarns tsjin Taeke Kooistra al in heal punt ferskiten. En de middeis gong it noch beroerder. Walinga naam in ruil, mar waard ferrifele troch de daam dy’t Wiersma dêr efterwei tsjoende.

Good old Taeke Kooistra bleau ûnderwilens kreas yn it sok troch Hein de Vries nei in lange rûnslach mei in daam te konfrontearjen. Dy oare Walinga, Marten, like der tsjin Pieter Hoogterp yn om te slaan as mâle Jan yn ’e hinnen. Hy joech samar twa houtsjes wei. Of wie it in bewust offer? Mar dan moat de man wol hast in duvelskeunstner wêze, as er yn sa’n stân op dat stuit berekkenje koe dat er pas 13 setten letter de oerwinning byskriuwe koe. En te sjen oan syn damjen de middeis tsjin Henk Haanstra soe men oan syn singeliere jeften dochs twivelje. It waard kamp, mar dat hie foar de Waaksenser ek noch wol oars ôfrinne kind.

Yn de twadde acht is de stân troch it útfallen fan twa dielnimmers tige ûnoersichtlik wurden, mar Folkert Groenveld liket troch syn beide oerwinningen fan dit wykein in goede kâns op promoasje te hawwen.
Yn de tredde acht is tige ferrassend Frans Kingma allinnich oan kop kommen. De Jorwerter hat noch gjin inkelde skea oprûn, en dat kin gjinien dammer him neisizze.

Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse
Fjirde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0.

Fiifde omloop: Wiersma – S. Walinga 1-0; Kooistra – De Vries 1-0; M. Walinga – Haanstra 0,5-0,5; Wijbenga – Hoogterp 0-1.

Stân: Wiersma 5-3,5; Kooistra en M. Walinga 4-3; S. Walinga 5-3; Haanstra 5-2,5; De Vries en Wijbenga 5-1,5; Hoogterp 5-1.

Twadde acht
Fjirde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Sjoerd Couperus (Snits) 1-0.

Fiifde omloop: Groenveld – Hoekstra 1-0; Couperus – Dijkstra 0-1.

Stân: F. Groenveld 4-3,5; B. Dykstra en D. v.d. Meer 3-2; Hoekstra en Westra 3-1;  Sj. Couperus 4-0,5.

Tredde acht
Fjirde omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1; Marcel Altena (Blauhús) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0.

Fiifde omloop: Wiersma – Sikma 0-1; Kooistra – Kingma 0-1; Kroon – Altena 0,5-0,5; Dyk – Boelens 1-0.

Stân: Kingma 4-4; Altena 4-3,5; Kroon 4-2,5; Kooistra 4-2; Dyk 5-2; Boelens en Wiersma 4-1; Sikma 5-1.

febrewaris 27, 2022 15:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.