Jan Schokker: Kritysk fûgelbehear

febrewaris 26, 2022 07:02

Kollum

Hoe sit dat mei krityk op jimme, op dy? Litst it samar oer dy hinnekomme of giest der tsjinyn of tsjinoan? Hellest simpel de skouders op of besikest dyn gelyk te heljen? Gnyskest it fuort of hast it smoar deryn en dûkst der djipper yn wei? Earder hjoed haw ik dat ek oan de ûlen ris frege, it pearke dat hjir neist ús hûs yn de keale krystbeam húsmannet. Wy wiene lykwols gau útpraat, dy twa ûlen en ik.

‘Krityk?’, fregen de fûgels, ‘krityk? Wa doar it oan om ús ûlen te bekritisearjen?’
Och, it wie samar in fraachje, mar miskien net sa’n tûkenien. Blykber waard myn fraach as krityk ferstien. Hoe is soks dochs mooglik?

Krityk krigest fansels altyd ast de holle boppe it gersfjild útstekst. Soks kin men better net dwaan. It is in nayf freegjen om swierrichheden. Nim myn skilderjen. Bin krekt begûn om te besykjen Jopie Huisman wat nei te dwaan en dan wol ik gauris witte wat in oar derfan fynt. En wat krigest dan? Kommentaar! Op de lytste details, dinkjes dy’t ik sels ek blinders goed yn ’e smizen ha. Goed bedoeld faaks, mar ik kin it net hannelje. Bytiden makket it my sa boas as in bytsje kat, sels op ’e frou.

No haw ik wer in ferhaal klear foar in nij boek, mar ik skytskoarje der bot tsjinoan om it immen lêze te litten. Miskien binne it senuwen, betocht ik. It sliepen giet my min ôf op ’t heden: ik dream nuver oer pakesizzers dy’t roppe dat ik in prutser bin, ik dream oer separatisten dy’t myn hok mei ezel en skilderijen en al yn ’e fik stekke sille, ik dream fan kûgels foar labbekakken en ûlen dy’t ûleballen mei eksplosiven op myn carport droppe en dan de útjouwer skilje dat se it boek nea net yn Ruslân útjaan mei. En ik ha net iens in telefoan by it bêd of kûgels yn myn gewear. Mei myn pineholle en hertkloppingen oerdeis, miskien moat ik mar wer nei de dokter, better noch, nei in psychiater. Sa’n figuer sil ek wol krityk ha op myn hanneljen, mar dy hat der teminsten doel oer. Miskien, hiel miskien kin er my kritykleas fan advys tsjinje.

Ik sjoch it foar my. Hy observearret my swijsum in kertier, skoddet in pear kear de holle en begjint dan pas te freegjen.
‘Wat is de definysje fan krityk?’
Troch dy stilte fan dat dik kertier haw ik myn psychysk bestân al kompleet trochblêde, dat ik fiel my sa skerp as in ûle. Op alle fragen taret, mar net op dizze.
‘Ehh, it is in beoardieling, tink ik, ehh, soe ik sa sizze.’
De psychiater skriuwt wat op. Mei in potlead.
‘Beoardieling? Fan wat?’ freget er strang.
‘No ja, fan wat ik makke ha of oer myn hanneljen of oer wat ik krekt net ôfhannele ha.’
‘En dêr freegje jo kommentaar op?’
‘Dêr freegje ik hielendal net om!’
‘Net?’
‘Nee!’

Wer skriuwt er wat op, gommet it dan út en blaast it opskriuwboekje skjin.
‘Jo moatte in I-Pad brûke,’ sis ik, ‘dan hoege jo net sa sitte te gomjen.’
‘Ha jo krityk op myn hanneljen?’, freget er kribbich.

As myn sesje derop sit en ik ôfskie nim, tink ik te witten dat er alhiel net oan it skriuwen wie, mar oan it tekenjen. Grif in ûle. Dêr hat er fêst foar trochleard. Ik sis der neat fan om dy bêste man mar yn syn wearde te litten.

febrewaris 26, 2022 07:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.