Jabik van der Bij: Klearebare winst

febrewaris 8, 2022 16:12

Ynstjoerd

Sûnt wy goed fjirtich jier lyn yn Fryslân weromkommen binne, lêze wy nei tefredenheid deistich de Ljouwerter Krante. De lêste tiid is de aardichheid der wat ôf. Us besoarger makket der in soadsje fan. Op ien punt ferrifelt er ús net: wy binne der wis fan dat de krante nea foar sânen op de matte leit. Mar wannear’t er wol komt is like ûnwis as it waar. As er ús net by fersin oerslacht leit it tiidstip tusken acht en ien oere. By de krante jins beklach dwaan helpt net en leveret allinne mar argewaasje op. It is al in hiele toer om immen oan de telefoan te krijen. It hat der alles fan dat der in hiele protte minsken op de krante sitte te wachtsjen as men bellet: “Er zijn nog vijf wachtenden voor u, een momentje geduld alstublieft.” Dan mar in elektroanysk briefke stjoere. Der komt in antwurd mei ekskuzen en in útlis dat it sa dreech is om besoargers te krijen. Dêr wurdt begryp foar frege.

Ris in kear in krante dy’t te let komt is noch oer te kommen, mar as dat moannen lang in gewoante wurdt, rekket de aardichheid derôf. Men kin begryp opbringe foar de krantedireksje dat it blykber in toer is om besoargers te finen. Krantejonges sykje harren byfertsjinsten op de scooters fan pizzaboeren of de grutwinkelbedriuwen. Dan hoege se net sa betiid fan ’t bêd ôf en kinne se wurkje op tiden dy’t harren better útkomme. Mar fan in krantebedriuw dat de kranten net besoarge kriget, ferwachtet men wol dat it mear docht as in “mea culpa” út te sprekken.

Underwilens berinne wy it digitale paad. Wy wiene der yn de fakânsjes al wat oan wend rekke. Yn Grikelân of Poalen binne no ien kear gjin LC’s te besetten. Wy ha ûntdutsen dat we ûnder dizze omstannichheden de papieren krante better opsizze kinne. Dat is yn it foarste plak de helte goedkeaper en it sparret ek it miljeu. Der hoecht minder papier produsearre te wurden dat nei in dei yn de papierkontener bedarret. As elkenien oergiet op de digitale krante, hoege der ek gjin auto’s mear de dyk op om de kranten út te suteljen. Oan alle einen en kanten klearebare winst, en wurkgelegenheid giet der net mei ferlern, omdat net ien op in baantsje as it besoargjen fan kranten skynt te wachtsjen.

febrewaris 8, 2022 16:12
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Frâns Kuipers febrewaris 9, 12:50

    Moai opskreaun Jabik, ik doch beide, mar der giet neat boppe in papieren krante moarns te lêzen by in pittich kopke kofje. 

  2. Joute De Graaf febrewaris 9, 17:22

    Ik lês de Ljouwerter ek op papier en fia in app. Papier fodocht better. Mar je kinne wol moainartikels út de digitale krante skeppe foar it brûken by in artikel. Onaris krij ik de lju fan de L.k. wol gau oan de tillefoan. Harren koade foar it pleatsen fan in artikel by Tegast is diskutabel. Rimmer Mulder hat altyd 10 strepen foar

  3. Cor Jousma febrewaris 14, 11:32

    Klearebare winst fyn ik ek dat it Frysk de lêste twa jier ien op ien sitearre wurdt yn de Ljouwerter. Nim no it stik fan hjoed oer de famylje dy’t út de Oekraïne nei Fryslân reizget.

    Der hawwe tiden west dat der ienkear Frysk sitearre en de rest folslein yn it Nederlânsk oerset waard. Dy “winkelmannementaliteit” fan in soad eardere haadredakteuren is folslein fuort. Jo soene no sizze kinne dat it glês by de Ljouwerter einlings healfol is…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.