It oare museum

febrewaris 9, 2022 09:16

Foto MV

It âlde pakhûs oan de Eastersingel 8 yn Ljouwert is yn besit fan de famylje Geersing. It jout plak oan in bysûndere kolleksje. Dy is folle grutter as de oantsjutting ‘Fan oldtimers oant kant’ dy’t op de folders as part fan de offisjele namme stiet.

As men deryn komt falt daliks it grutte ferskaat op oan attributen dy’t dêr tentoansteld wurde. Net allinnich mear as tritich oldtimers, elk mei syn eigen ferhaal. Alles blinkt sa moai dat it werklik wier in feest is foar de leafhawwer. Fan Bentley, Rolls Royce, Chrysler, T-Ford en Peugeot oant ta. Te folle om op te neamen. Guon dêrfan dogge noch mei oan bygelyks de Alvestêdetocht foar oldtimers.

Der binne in soad romten mei ûnderskate útstallingen lykas de kantreis troch Europa mei tekstyl, kant en alderhande klossen, borduerwurk en fierder in aparte keamer, ynrjochte yn de styl fan 18e iuw en wijd oan Maria Louise van Hessel-Kassel (Marijkemuoi).

Foar de techneuten binne der fierder nijsgjirrige dingen as de âldmoadrige radio’s en Meccanobouwurken. In spesjaal part is, sintraal yn it museum, de romte mei treinen fan eartiids, dy’t ride kinne op de rails dy’t oan it plafond hingje. Fansels is dat prachtich foar elkenien dy’t him noch jong fielt.

Foto MV

Los fan de permaninte kolleksje hawwe se dêr alle jierren ek wol tydlike eksposysjes lykas: Tekstylskatten, Mata Hari, Borduerlint foar de frede en ôfrûne jier oer Nikola Tesla, ien fan de grutste útfiners fan foarige iuw.

Mei each op de krookjefakânsje, dy’t 19 febrewaris begjint, is it in moaie gelegenheid foar pake en beppe en út soarte mei de bernsbern om ris nei dit museum ta.

Ynformaasje oer iepeningstiiden: www.museumpakhuiskoophandel.nl.

Matthijs Verkuijl

 

febrewaris 9, 2022 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.