It Noard-Fryske biikebrånen giet troch
Resint ferskynd

Yn Noard-Fryslân wurdt op Sint-Piter, op 21 febrewaris dus, alle jierren it biikebrånen (“beaken-baarnen”) fierd. Yn alle doarpen binne de tradysjes wer oars, mar oeral is it oanstekken fan in brânsteapel in wichtich part fan it feest. Soms is dat in lyts bultsje, mar der binne ek doarpen dêr’t alle doarpsbewenners al lang yn it foar tûken byinoar slepe foar in grutte bulte.
Troch de koroanaregels koe it biikebrånen de ôfrûne twa jier net trochgean. De Friisk Foriining makket lykwols bekend dat de notiidske stân fan saken sadanich is dat it feest gewoan hâlden wurde kin.
Noard-Fryslân leit yn it noarden fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Sa’n tsientûzen minsken prate der Frysk, yn njoggen ferskillende dialekten. It biikebrånen is ien fan de âldste en wichtichste Noard-Fryske tradysjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje