Iere Friezen yn It ferhaal fan Nederlân

febrewaris 9, 2022 15:25

Ferline wike is de NTR útein set mei de skiednisrige Het verhaal van Nederland. De earste episoade behannele it tiidrek fan 15.000 oant 2.000 jier foar Kristus. It libben yn dy tiid waard útbylde troch (ûnbekende) akteurs dêr’t dan somtiden samar ynienen in moderne presintator (Daan Schuurmans) tuskentroch rûn. In stadige oergong waard sketst fan in maatskippij fan jagers en samlers nei ien fan boeren. Dy beide wiene ynearsten net deselden: de jagers holden doe al yn ús omkriten ta en de boeren kamen yn dy snuorje fan fierren yn Súd-Limburch oan. Sintraal stie it ferhaal fan it jongfrommeske Ava dat as jaachster by de boeren bedarret en dêr o sa wenne moat oan oare brûkmen. Oars as by de jagers is by de boeren nammentlik besit wichtich en hawwe froulju neat te fertellen. It karakter Ava is ynspirearre troch in fynst by Nieuwegein fan bonken fan in jonge frou mei in poppe. It rint dus net goed mei har ôf.

In prehistoaryske jonge frou op it snijflak fan twa kultueren. Boarne: NTR

De rige presintearret de nijste wittenskiplike ynsichten, mei basearre op DNA-ûndersyk. Dêr docht ûnder oaren út bliken dat dy earste bewenners fan wat letter Nederlân wurde soe – sawol de jagers as de boeren – in donkere hûd hiene en dat hja mar foar in lyts part ús foarâlden binne. Dat binne yn haadsaak nij-ynkommelingen ôfkomstich fan Súd-Russyske steppen: minsken fan de Jamnakultuer, mei in ljochte hûd.

Jûn wurdt part 2 útstjoerd. Dat diel giet ek wer oer in botsing fan wrâlden, no dy tusken de Germaanske stammen dy’t oan it begjin fan de jiertelling yn ús kontreien húsmannen en de Romeinen dy’t dit út kamen. Guon stammen joegen har del ûnder it nije bewâld, mar der wie ek gauris rebûlje, dy’t oanboaze ta de saneamde Bataafske opstân yn it jier 69. Nei’t de Bataven yn ‘e mande mei Kananefaten, Sjauken en Friezen ynearsten suksessen boekten, weefden de Romeinen in jier letter mei harren ôf.

Ankom wike spylje de Friezen in wichtige rol yn in ôflevering oer fannijs in konfrontaasje: dy mei de Franken yn de iere midsiuwen. Kening Redbad stiet yn dat diel foar in diversk dilemma: moat er syn foltsen fêsthâlde litte oan de Fryske natoergoaden ôf oergean op in nij leauwe? Dêr is nammers in jiermannich lyn ek in film oer makke.

De rige fan úteinlik 10 parten is de kommende wiken alle woansdeistejûnen om healwei njoggenen te besjen op NPO1. Utsjoerde ôfleveringen binne hjir werom te sjen. Boppedat is der in bernerige, in lespakket, in boek en in harkrige en der binne kuierpraatsjes om ferhalen op lokaasje te ûndergean; sjoch hjirre foar mear ynformaasje.

febrewaris 9, 2022 15:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.