Henk Wolf: Hoe’t it Frysk wol wat op it Japansk liket

febrewaris 12, 2022 11:30
Foto: Aant Mulder

Kollum

Foar Nederlânske learders fan it Japansk is ien fan de gekste eigenskippen fan dy taal dat de measte haadwurden net yn it meartal set wurde kinne. Fierwei de measte haadwurden binne nammentlik net-telber. Sokke wurden ha wy yn it Frysk en Nederlânsk ek wol: tink oan rommel en asfalt. Men seit net sa gau twa rommels of fjouwer asfalten. As men soks al docht, dan krijt men de tige spesifike betsjutting twa soarten rommel of fjouwer soarten asfalt.

Wol men yn it Japansk fan in haadwurd oanjaan dat men twa kij of fjouwer jassen hat, dan moat men dy wurden kombinearje mei ien fan de pear wurden dy’t wol telber binne. Men brûkt dan dus trije wurden ynstee fan twa, likernôch sa’t wy twa stiks fee of fjouwer stikken klean sizze. Hokker fan dy telbere wurden oft men by hokker net-telber wurd brûke moat, is ien fan de lestichste saken om te learen yn it Japansk.

It Frysk en it Nederlânsk hawwe foaral haadwurden dy’t sels al telber binne. In fraach fan in taalkundige brocht my lykwols yn it sin dat it Frysk in lyts bytsje mear op it Japansk liket as dat it Nederlânsk dat docht. It Frysk hat nammentlik ek wat wurden dy’t faak of sels altyd kombinearre wurde mei in ekstra telber wurd, wylst de Nederlânske wjergader dy mooglikheid net hat.

Sa kin men wol ‘syn libben’ sizze, mar faak sjocht of heart men ek ‘syn eintsje libben’. En ien kin ‘klean’ oanha, mar ek ‘in pakje klean’. Ien kin ‘iten’ helje, mar ek ‘in miel iten’. Hy kin dêrby ‘jild’ op ‘e bank ha, mar ek ‘in dofke jild’. Ien kin ‘wurk’ dwaan, mar ek ‘in put wurk’. Yn it Frysk kin ien ‘praat ha’, mar ek ‘in pypfol praat’. Al dy gefallen ha net in streekrjochte Nederlânske oersetting: ‘een pakje kleding’ is op syn heechst in pakket mei klean deryn, mar net it geheel oan klean dêr’t ien yn omrint. Ien kin wol ‘werk uitvoeren’ en ‘een karwei uitvoeren’, mar net ‘een karwei werk uitvoeren’. ‘Een bedrag geld’ wol ek al net. En met ‘zijn eindje leven’ en ‘een pijp gespreksstof’ of sawathinne kin it Nederlânsk al helendal neat begjinne.

In ‘moai minskebestean’ wurdt ek wol ‘in heare-eintsje libben’ neamd en dat is eins in ferrifeljende manier fan opskriuwen, want ‘heare-‘ seit net spesifyk wat oer it betsjuttingsearme wurd ‘eintsje’, mar oer it hele taaleigen ‘eintsje libben’: dat is krekt sa moai as dat fan in hear. In ‘heare-eintsje libben’ is ‘in hearelibben’.

 

febrewaris 12, 2022 11:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.