Grins fan freed ôf min berikber

febrewaris 10, 2022 15:57
Foto: Google

De stêd Grins is fan freed ôf min berikber. Dat komt troch yngripende wurksumheden oan ‘e súdlike rûnwei. Dat is ek de trochgeande dyk tusken Westerlauwersk en East-Fryslân.

Der ride alle dagen sa’n fjouwerhûndert tûzen auto’s oer it Julianaplein, de grutte krusing fan de sneldiken A28 en A7, dy’t diel útmakket fan ‘e Grinzer rûnwei. Troch de wurksumheden moat dat oantal mei op syn minst tweintich persint sakje, oars rint alles fêst. Oft dat slagget, is mar tige de fraach.

Net allinnich moat it ferkear mei opûnthâld rekkenje, beskate rydrjochtings binne ek in skoft folslein ôfsletten. Wa’t út Fryslân wei komt en eastlik fan de stêd Grins wêze moat, kin net oer de súdlike rûnwei. Dyselde moat om Grins hinne. Dat kin fia de westlike en noardlike rûnwei (rjochting Winsum) of oer de A28 en dan binnentroch troch Haren, Foxhol en Hoogezand.

Dy’t yn Grins wêze moat, kin de kommende tiid ek net fia de ôfslach Helpman de stêd yn komme. Dy is ticht. Ut de stêd wei fia in Julianaplein (by de Gasunie) wer de sneldyk op is ek net mooglik.

De stêd Grins ropt elkenien op om sa min mooglik mei de auto te kommen. Bûten Grins binne op ferskate plakken P+R-stasjons foar wa’t yn ‘e stêd wêze moat. Dy’t troch Grins hinne moat, kin it bêste bûten de spits reizgje, it iepenbier ferfier nimme of in ein omride.

febrewaris 10, 2022 15:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.