Gearkomste Frysk Boun om Utens ein maart yn Reeuwyk
Resint ferskynd
As de omstannichheden it talitte hâldt it Frysk Boun om Utens dit jier syn AG op sneon 26 maart. Fertsjintwurdigers fan de tolve Fryske kriten yn Nederlân (bûten Fryslân) komme dan byinoar yn sealesintrum De Brug yn Reeuwyk (Súd-Hollân). Dêr wurde se wolkom hjitten troch de krite ‘Fier fan Hûs’ fan Boadegraven. Dy fiert dy dei dat er ferline jier 75 jier bestie. Dat koe doe neat wurde yn ferbân mei koroana, mar no hopet de krite op in grut feest mei in soad gasten út it hiele lân.
Moarns wurdt it húshâldlike part fan de gearkomste ôfwurke. Middeis hâldt it Boun syn Moetings- en Ynspiraasjemiddei. Lysbeth Jongbloed sil in ynlieding hâlde oer de posysje fan de Fryske taal yn it ûnderwiis. It Acta-teäter komt mei in programma oer it libben fan Klaes Westra en slút dêrmei it deiprogramma foar gasten en eigen krite-leden ôf.
Op 16 septimber 2023 hopet it FBoU syn hûndertjierrich bestean te fieren. Dat sil yn Swol wêze.
Mear ynformaasje oer de AG is te krijen fia skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl (Kees van der Beek) of troch de webside fan it FboU, www.fryskbutenfryslan.frl op te sykjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje