“Fryslân dé fytsprovinsje fan Nederlân”

febrewaris 2, 2022 14:09

Foto Provinsje Fryslân

Fryslân wol dé fytsprovinsje fan Nederlân wurde en bliuwe. Yn de nota ‘Fryslân fytslân: in toskje derby’ steane de doelstellings beskreaun: it stimulearjen fan it fytsgebrûk, fergrutsjen fan de ferkearsfeiligens foar fytsers (mei ekstra omtinken foar âldere fytsers) en it ynheljen fan de start of in etappe fan in ynternasjonaal hurdfytsevenemint.

De ûntjouwingen op it mêd fan fytsen geane hurd. Dêrtroch wurdt it foar in soad minsken hieltyd normaler en oanlokliker om de fyts te pakken. Boppedat fergruttet it fytsen foar wenje-wurk en wenje-skoalle de berikberens fan stedskearnen: fytsen nimme sawol op de dyk as by it parkearjen folle minder romte yn as auto’s. Dat spilet him allegearre ôf yn de iepenbiere romte en dat freget om oandacht.

Yn de kommende jierren moat de fytsfeiligens ferbettere wurde, want dy stiet ûnder druk neffens de deputearren Douwstra en Fokkens-Kelder. “Hiel faak binne it senioaren dy’t by letselûngemakken belutsen binne. Dy oerfertsjintwurdiging komt troch de dûbele fergrizing: âlderen bliuwe langer fitaal, fytse faker en lizze ek faker lange ôfstannen ôf mei harren elektryske fytsen.”

“Fytsen hat ek foardielen”, sizze de deputearren. “It is bewegen, it is sportyf en sûn, duorsum en emisjefrij, goedkeap en leechdrompelich. It draacht ek by oan ús ekonomy, want yn koroanatiid ûntdutsen toeristen dy’t yn eigen lân bleauwen, Fryslân fan de fyts ôf en dat befoel harren goed. Om Fryslân noch better as ‘fytslân op ’e kaart te setten, wolle we in grutte hurdfytsmanifestaasje ynhelje. Wy binne bliid dat hieltyd mear partijen yn de gemeenten ek dy ambysje opnimme yn harren ferkiezingsprogramma’s.”

Yn Provinsjale Steaten sil in april dêr in beliedsnota oer behannele wurde.

febrewaris 2, 2022 14:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.