Fryske museums litte sjen: Nederlânske skiednis is ek Fryske skiednis

febrewaris 9, 2022 13:32

Trije Fryske museums wurde lid fan it netwurk ‘Canon van Nederland.’ Dat bestiet út museums dy’t guod hawwe dat te krijen hat mei fyftich histoaryske ûnderwerpen dy’t op alle skoallen yn Nederlân oan ‘e oarder komme. It doel fan de oerheid is dat elkenien yn Nederlân in basiskennis hat fan dy ûnderwerpen. It museumnetwurk jout de mooglikheid om jin yn dy ûnderwerpen te ferdjipjen.

Ien fan de fyftich ûnderwerpen is de Romeinske tiid. It skriuwplankje fan Tolsum, dat yn it Frysk Museum leit, jout ynformaasje oer de Romeinen yn Fryslân. Op it plankje út it jier 29 nei Kristus steane yn it Latyn in pear betingsten oer in dofke jild dat betelle wurde moat. Der is ûnwissichheid oer oft it giet om de ferkeap fan in ko of dat it giet om in jildliening fan in Romeinske boarger oan in slaaf. It plankje is de âldste skriftlike tekst dy’t yn Nederlân fûn is.

Oare Fryske ûnderwerpen dy’t de Fryske kant fan de fyftich ûnderwerpen beljochtsje, binne Mata Hari, it Frysk ferset yn ‘e Twadde Wrâldoarloch en Titia Bergsma út Ljouwert, dy’t as earste westerske frou yn Japan wie.

febrewaris 9, 2022 13:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.