Frysk Toerisme Kongres 2022 yn it teken fan leafde foar toerisme

febrewaris 13, 2022 08:37

It online Frysk Toerisme Kongres 2022, te organisearjen troch Merk Fryslân, stiet op moandei 14 febrewaris yn it teken fan leafde foar (duorsum) toerisme. Under de neamer ‘All you need is toerisme’ wurdt mei tafelgasten út sektoaren as kultuer, natuer, sport en lânbou oer de gearwurking mei de toerismesektor praat. Fryslân hat it neffens de organisaasje yn him om koprinner te wurden as bestimming foar ferantwurde en yntersektoraal toerisme, as der tûk gebrûk makke wurdt fan kennis en ekspertize. Is in ferbining tusken de ferskate sektoaren mooglik?

Earnewâld (boarne: Visit Fryslân)

Programma
Yn ’e foarm fan in ynteraktive praatsjo sille Roger Davids, strateech by Merk Fryslân, en deifoarsitter Marijke Roskam mei ferskate gasten yn petear oer de (ûn)mooglikheden foar in mienskiplike takomst. Sjoerd Bootsma, artistyk lieder Arcadia en Mark Hospers, algemien direkteur Explore the North, diele harren ideeën oer hoe’t kultuer en toerisme inoar fuortsterkje. Anne Jochum de Vries, direkteur-bestjoerder Sport Fryslân sketst in byld fan it belang fan de sportsektor foar toerisme. Der wurdt ek praat oer hoe’t toerisme en natuer byinoar bestean kinne mei ûnder oaren Jean-Paul Rek, adviseur rekraasje en frijetiid foar it Waad by Steatsboskbehear. Hokker kânsen en bedrigingen sjogge sy yn yntersektoraal toerisme?

As ien fan de programmaûnderdiele wurdt de Fryske Aginda fan 2022 út namme fan de Provinsje Fryslân presintearre, mei dêryn de hichtepunten fan de eveneminten. Der is in bysûndere moeting mei keunstner Daan Roosegaarde, sjongeres Nynke Laverman fersoarget de muzikale yntermezzo’s en oan ’e ein is der romte foar ynbring fan it thúspublyk. Dat kin syn ideeën en ynspirearjende ynbring diele en dêrnjonken mooglikheden by saakkundigen tsjin it ljocht hâlde.

Toerisme
De frijetiidssektor yn Fryslân lûkt alle jierren miljoenen gasten en dat nimt yn de kommende jierren allinnich noch mar ta. Merk Fryslân set him yn om it toerisme it hiele jier troch te stimulearjen, en de pykmominten net te ferheegjen. Dêrby wurdt ynset op de doelgroepen dy’t kultuer, natuer en duorsumens wurdearje. Troch Fryslân te ûntwikkeljen as bestimming foar ‘weardefol toerisme’ – op de takomst rjochte, duorsum kwaliteits- en kultuertoerisme – wurdt ûnder mear soarge foar takomstbestindige banen en it fuortsterkjen fan libbensklimaat, ekonomy en natuererfgoed.

Oer Merk Fryslân
Merk Fryslân is de destinaasjemanagementorganisaasje fan de Provinsje Fryslân en wurket út in oerkoepeljende fyzje oan de toeristyske ûntwikkeling, posisjonearring en it fermerkjen fan Fryslân (Visit Fryslân), It Waad (Visit Wadden) en de saaklike merk (Meet in Fryslân).

Sjoch ek op: www.friesland.nl/nl/merkfryslan.

febrewaris 13, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.