Frysk damjen en Braziliaansk damjen yn Putten

febrewaris 7, 2022 09:01

Op sneon 12 febrewaris wurdt yn Putten in bysûnder tinksportevenemint holden: in dei mei Frysk damjen, FRYSK!, oerhoeks (ynternasjonaal of Hollânsk) damjen en Braziliaansk.

De dei wurdt organisearre troch de Stichting Hersenfitness yn oparbeidzjen mei de Stifting WFD. It is de fyfde kear dit seizoen dat der bûten Fryslân toernoaien Frysk damjen holden wurde: earder wiene der toernoaien yn Minsk, Sint-Petersburch, Aosta en Praach.

It toernoai wurdt holden yn sealesintrum De Aker yn Putten fan 11.30 oant 17.00 oere. Wrâldkampioen Frysk damjen Marten Walinga sil in presintaasje oer it Frysk damjen fersoargje en docht sels ek mei. Ynskriuwe kin op de webside fan de Stichting Hersenfitness: www.stichtinghersenfitness.nl.

Sjoch de taheakke folder foar mear ynformaasje.

 

febrewaris 7, 2022 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.