Fokaal trijelûk mei De Liereman en Fryske Winterreise

febrewaris 24, 2022 08:16

De twa kommende sneinen binne der yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert twa prachtige lietefoardrachten. It earste konsert, De Liereman, is op snein 27 febrewaris. Dan steane der Fryske lieten fan pianiste en komponiste Rixt van der Kooij op it programma. It twadde konsert, Winterreis, is op snein 6 maart. Dan wurdt de ferneamde lietesyklus ‘Die Winterreise’ fan Franz Schubert yn it Frysk songen. Beide útfieringen hingje mei-inoar gear. De tema’s binne lânskip, leafde en ôfskied.

Foto Rixt van der Kooij

Op 27 febrewaris sjongt de alt Carina Vinke. Yn it liet ‘De Liereman’ op tekst fan Obe Postma giet in kuorkerinner mei syn negoasje troch Fryslân. Syn sjongen en draailierespyljen komme de minsken op it moed. De dichter hat him ynspirearje litten troch ‘Der Leiermann’, it lêste liet fan ‘Die Winterreise’ fan Franz Schubert.

Rixt van der Kooij (foto Till Schmitz)

Foar dit Lieremankonsert makke Rixt van der Kooij twa nije lietesykly: ‘Fiif lânskipslieten’ op tekst fan Gryt Witbraad en ‘Lieten fan besinning’ op rouadvertinsjes út de Ljouwerter Krante. Wurk dat se earder makke lykas ‘Sinneskieden’ en ‘Sinneûndergong’ fan Daniel Daen en ‘6 lytse românsen’ fan Steven de Jong binne ynienen ek troch de eagen fan de draailierespiler te ûndergean.
Humor komt oan bod yn ‘Earme Peter’ op Heine-oersettingen fan Fedde Schurer.
Rixt van der Kooij is in miniaturist dy’t in ympresjonistyske toets brûkt om de wurden yn lûden te ferpakken. Yn de emosjonele ‘Trije lieten’ op tekst fan de Fryske dichteresse Rixt (Hendrike van Dorssen) lit se sjen dat se ek gruttere foarmen oankin.

Op 6 maart sjongt de bariton Daniël Hermán Mostert de yn it moed taastende syklus ‘Die Winterreise’ fan Schubert.

Beide konserten begjinne om 15.00 oere. Tagongskaarten jilde € 17,50 en in abonnemint foar beide middeis € 32,50. Kaarten binne te krijen oan de tsjerkedoar of fia www.harmonie.nl. Reservearje leafst fia info@vocaaldrieluik.nl. Mear ynformaasje: www.vocaaldrieluik.nl
De Ljouwerter Fermanje is oan Wurdumerdyk 18.

 

febrewaris 24, 2022 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.