Inger Wets: Foar skut

febrewaris 18, 2022 12:39

Ynstjoerd

Pake, pake?
Ja, jonge, sei ik, freonlik – dat wol, freonlik – mar ik hie de kop der net by. In artikel oer de tastân yn Oekraïne frege myn oandacht.
Pake, sei er nochris, wat twingender no.
Ik koe amper foarkomme dat my in suchtsje fan argewaasje ûntsnapte. ’t Is prachtich in bernsbern in pear dagen te sliepen, mar by it krantsjen wol ik leaver net steurd wurde.

Doe’t er foar de tredde kear ‘pake!’ sei en no mei klam, liet ik de krante sakje en seach dat lytse Piter ek in krante yn ‘e hân hie. Ja, ús Piter is in foarlik jonkje, hy kin al hiel aardich lêze.

Mei ik hjir hinne, pake?, frege er. Hy lies foar: In de gemeente De Fryske Marren worden in de vakantie Winter Games georganiseerd.  Tijdens de Winter Games kunnen de kinderen meedoen aan Escaperooms, Archery Tag spelen en zicht en behendigheid op de proef stellen bij Glow in the Dark Sports. In Joure vinden de activiteiten plaats in Sportfun (ik ha de tekst letter oernommen út de kante en in lyts bytsje oanpast).

De mûle sakke my iepen. It jonkje spriek de Ingelske wurden út as wie it syn memmetaal.
Ik skrok ek: wat wiene dat foar spultsjes? Miskien wol gefaarlik. As ferantwurdlike mocht ik him dêr fansels net oan bleatstelle.
Utsein noed bekroep my ek argewaasje. Der feroare sa’n protte, ek op it mêd fan bernespultsjes, dat ik it net mear folgje koe. En dan al dy Ingelske nammen.

As se sa’n kranteberjochtsje no ris yn gewoan Nederlânsk, of leaver noch, yn gewoan Frysk skreaun hiene, dan hoegde ik der miskien net oer yn te sitten en stie ik yn alle gefallen net foar skut foar myn pakesizzer. Hoegde ik net beskamme te sizzen: Jonge, pake wit net wat dy Ingelske wurden betsjutte. Of moast ik my der útrêde mei: Jonge, wa wit, pake moat der efkes oer neitinke?

Dat ik Google rieplachtsje moast, hoegde ik der net by te sizzen.

Inger Wets

febrewaris 18, 2022 12:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.