Feie Fonyk: Dûbeltjes en kwartsjes

febrewaris 17, 2022 12:59

Kollum

Yn ús lân geane de bern fan sa’n tolve jier nei’t se de basisskoalle hân hawwe nei ferskillende skoallen. Dan is der it praktykûnderwiis, it vmbo mei fjouwer streamen, de havo, it ateneum en it gymnasium.
Genôch kar, soe men sizze. Aardich mear as eartiids. Mei de komst fan de mammoetwet yn augustus 1968 ferdwûnen skoallen lykas de ulo, de húshâldskoalle en de lts. Yn de nije opset kaam der in brêgeklasse, dy’t de oergong nei it fuortset ûnderwiis makliker meitsje moast.

Dy brede brêgeklasse, dy’t bedoeld wie as fuortsetting fan de legere skoalle is nea goed slagge. Dat jildt allyksa foar de middelskoalle, in hobbyhynke fan sosjalistyske politisy. Dy middelskoalle en brêgeklasse wiene ynspirearre troch it idee dat alle bern de kâns krije moasten om eigen oanlis en kapasiteiten te folgjen, net hindere troch komôf.

Ommers, oant healwei de foarige iuw waard de kar foar de ferfolchskoalle eins altyd makke troch learkrêften en âlden op grûn fan wat de âlden diene of wêr’t se wennen. “Als je voor een dubbeltje geboren bent, bereik je nooit een kwartje”, song Louis Davids yn de film Op Stap út 1935. It filmfragmint is op it ynternet en fierderop yn dizze kollum te sjen.

Fan ‘e sechtiger jierren ôf giene ‘arbeidersbern’ en bern mei in beskieden eftergrûn ek nei oare skoallen as de húshâld- of ambachtsskoalle. Dat kaam troch oare opfettingen en troch de grutte ekonomyske ûntjouwing dy’t Nederlân nei de Twadde Wrâldoarloch belibbe. Foar it earst yn de skiednis waard it mooglik om as bern út in ienfâldich fermidden op in ‘hegere’ skoalle telâne te kommen.

Ofrûne wike ûntstie der in nijsgjirrige diskusje yn kranten en op de telefyzje om it nije boek De zeven vinksje fan Joris Luijendijk hinne. Dy sâb finkjes binne: man, blank, hetero, op syn minst ien heechoplate âlder, op syn minst ien fan de âlden dy’t yn Nederlân berne is, in vwo- en universitêr diploma.

Ut de taljochting by it boek: “Stel dat jo net diskriminearre wurde en jo hoege jo nea oan te passen, want elkenien past him altyd oan jo oan. Stel dat jo dan de meast prestizjeuze oplieding fan it lân hawwe, sadat jo ek dêr net op fongen wurde kinne. Dan kinne jo net witte hoe kwetsberens fielt. Mar omdat jo alles mei hawwe en neat tsjin, is de kâns maksimaal dat jo it fier skoppe yn ‘e maatskippij.”

Luijendijk toant yn syn boek oertsjûgjend oan dat minsken lykas hy in soad foar en mooglikheden hawwe. Dat betsjut net dat de maatskippij en it minskdom better ôf is as elkenien in saneamd ‘hegere’ oplieding folget. Koartlyn kaam ik de baas fan in túnbedriuw tsjin dy’t siet te springen om personiel. Hy is net de iennige dy’t ferlet hat fan minsken dy’t harren hannen witte te brûken.

Yn de Buitenhofútstjoering fan ôfrûne snein waard Luijendijk oanfallen op de konklúzjes fan syn ‘sân vinkjesboek’. It hat de diskusje de beheiningen en foardielen fan de eftergrûn fan minsken skerp en goed ûnder de oandacht brocht, mar der binne tsjintwurdich gelokkich dûbeltsjes dy’t kwartsjes wurde. Wa wit te min.

 

 

 

febrewaris 17, 2022 12:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.