Els Veder-Smitpriis foar ferbetterjen posysje froulju yn de Fryske polityk

febrewaris 3, 2022 08:49

Op Ynternasjonale Frouljusdei (8 maart) sil foar de earste kear de Els Veder-Smitpriis útrikt wurde. Dy provinsjale priis wurdt om de trije jier útrikt oan immen dy’t bydraacht oan de ferbettering fan de posysje en de rol fan froulju yn de Fryske polityk. It stiet elk frij om immen dêrfoar te nominearjen.

Els Veder-Smit (foto: Koen Suyk)

Els Veder-Smit (1921-2020) hat as politika op it mêd fan folkssûnens en frouljusrjochten in soad foar froulju yn Nederlân betsjutten. Sy sette har ûnder oare yn foar in abortusregeling en hat derfoar soarge dat de pil yn it sikefûns kaam. Letter soe se dêroer sizze: ‘Froulju sjogge earder nei de minsklike kant fan besluten.’ De VVD-politika wie fan 1962 oant ’66 riedslid yn Ljouwert. Letter waard se de earste frou út Fryslân wei dy’t lid waard fan de Twadde Keamer. Se wie ek steatssiktaris, Earste Keamerlid en belutsen by it oprjochtsjen fan it Medysk Sintrum (MCL) yn Ljouwert.

It inisjatyf om in provinsjale priis yn te stellen foar it fersterkjen fan de posysje fan froulju yn de Fryske polityk komt fan VVD-Steatelid Esther de Vrij. Mei brede stipe fan oare politike partijen yn de Steaten waard de moasje oannommen. De priis is sawol in earbetoan oan it polityk libben fan Els Veder-Smit, as in ynspiraasje foar oaren om yn har fuotleasten te gean.

In sjuery besteande út foarsitter Ellen van Selm (boargemaster Opsterlân), Ojanne de Vries-Chang (riedslid It Hearrenfean) en Martijn Smit (in omkesizzer fan Els Veder-Smit) makket in seleksje út de nominaasjes en stelt in sjueryrapport op. De sjuery advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de priis. De organisaasje fan de Els Veder-Smitpriis is yn hannen fan Stichting Tûmba.

Sels immen nominearje dy’t in grutte bydrage levere hat oan it ferbetterjen fan de posysje fan froulju yn de Fryske polityk, kin troch op de link foar it oanmeldingsformulier te klikken. Ynstjoere kin noch oant uterlik 14 febrewaris: https://www.provincialeprijzen.frl/els-veder-smit-prijs.

 

febrewaris 3, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.