Ekstreem waar hat gefolgen foar it Waad
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0
- ‘De letterfretter’ is it nijste berneboek fan Lida Dykstra 0
Mear stjalprein ôfwiksele mei langere riten fan drûchte, dat hat gefolgen foar de lânbou, it drinkwetter en ek foar de ekology yn it Waadgebiet. Dat docht bliken út in feitelist fan de Waadakademy. De foar it Waad relevante feiten, trends en ûntwikkelingen oangeande klimaatferoaring binne dêryn op in rige set.

Foto: Waadakademy
Langduorjende drûchte hat effekt op de drinkwetterfoarsjenning (benammen op de eilannen) en ferheget foar de agraryske sektor it risiko op fersâltsjen. Foar de Waadsee laat de sterke ôfwikseling yn de oanfier fan swiet wetter ta in gruttere fariaasje yn de lokale sâltgehalten, yn de streamingspatroanen fan it wetter, en yn it fersprieden fan slib.
Njonken de ritigere delslach soarget waarmer wetter foar mear súdlike plante- en bistesoarten yn it Waad. Op grûn fan besteande modellen en hjoeddeiske ynsjoggen kin men jin yntinke dat al om 2030 hinne yn it kombergingsgebiet fan it Fly (westlike Waadsee) de seespegel flugger stiigje sil as de Waadplaten groeie.
Al mei al soarget klimaatferoaring foar grutte útdagingen foar minske en natuer yn it Waadgebiet. Dat is allegear te lêzen yn it feiteblêd ‘Klimaatferoaring yn Nederlân. Feiten, trends en ûntwikkelingen dy’t relevant binne foar it Waadgebiet’, dat basearre is op twa resinte rapporten: Sixth Assessment Report fan it IPCC en KNMI Klimaatsignaal ’21.
It feite-oersjoch is fia de webside fan de Waadakademy del te heljen.

Boarne: Waadakademy
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje