EBLT, Mercator en Slieker hawwe premjêre fiiftalige film op Memmetaaldei

febrewaris 8, 2022 07:37

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjtatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn ’e mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen.

Byld út ‘Der Krug an der Wiedau’ (boarne: ©Bund Deutscher Nordschleswiger)

Yn de humoristyske krimy wurdt op it stek tusken Denemarken en Dútslân in lyk fûn, de holle yn it iene lân en de fuotten yn it oare. Fanwegen it deadlik grinsgefal moatte sawol in Dútske as in Deenske resjersjeur op ’en paad om de saak op te lossen. Oft de stamgasten fan de lokale kroech harren dêrby helpe sille is mar de fraach.

De film is tige bysûnder, want yn dy kroech klinkt der folle mear as allinne mar bierglêzen. Dêr wurde nammentlik op natuerlike en lykweardige wize de fiif talen fan de streek yn Sleeswyk praat. It giet om it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy meartalige situaasje is troch de jierren hinne ûntstien en elkenien is wend om de eigen taal te praten en de oare talen yn alle gefallen te ferstean.

De film is regissearre troch Noardfries Gary Funck. It is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken. Op 21 febrewaris wurdt de film noch meartaliger, mei’t de film yn it Frysk ûndertitele wurdt, mei tank oan Geertrui Visser.

It is alwer de achtste kear dat it EBLT en Mercator yn gearwurking mei Slieker Film films en dokumintêres oer en mei taalminderheden presintearje mei de Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT sitte mear as tweintich organisaasjes dy’t har ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamintsk.

Besjoch de foarfilm:

De film is allinnich te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, moandei 21 febrewaris, yn Slieker Film, Ljouwert. Der binne twa foarstellings mei de feestlike premjêre om 14.30 oere en in twadde fertoaning om 20.00 oere.

Fanwege de beheinde kapasiteit yn de bioskoop is it ferstannich om yn ’t foar kaartsjes te keapjen by Slieker Film. Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne har oanmelde fia de útnûging of by it sekretariaat.

febrewaris 8, 2022 07:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.