Earste bylden nije romteteleskoop publisearre

febrewaris 18, 2022 08:47 Fernijd

De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA hat de earste bylden, makke troch de James Webb-romteteleskoop, frijjûn. Der binne ôfbyldingen fan in stjer op te sjen. De kwaliteit is net optimaal trochdat de spegels noch net útline binne.

18 hoeken fan de stjer HD 84406 (foto: NASA)

De bylden binne makke mei achttjin spegels en litte no achttjin ferzjes sjen fan HD 84406, in stjer út de Grutte Bear. Foar dy stjer is keazen mei’t er frij yntins is en der boppedat relatyf net folle oare stjerren omhinne lizze en der dus gjin betizing ûntstean kin wêr’t it ljocht weikomt.

Nettsjinsteande de dizigens fan de bylden is NASA wiis mei it earste konkrete wurk fan de James Webb-teleskoop, dy’t ein desimber lansearre waard. It is in startpunt om de spegelsegminten út te lynjen, seit de romtefeartorganisaasje. As dat slagge is, kinne de spegels mei-inoar as gehiel operearje. NASA hopet dat takom wike de earste inkelde foto fan de stjer nommen wurde kin.

De James Webb is de opfolger fan de ferneamde romteteleskoop Hubble en stiet ûnderwilens op sa’n 1,6 miljoen kilometer fan ’e ierde. Hy moat ûnder mear speure nei fiere stjerrestelsels en nei tekens fan libben yn ’e romte.

febrewaris 18, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.