Dútslân en Beieren kreauwe oer ynintingsplicht

febrewaris 9, 2022 12:56

Moat in Dútske dielsteat it belied fan de sintrale oerheid útfiere? Oer dy fraach wurdt yn Dútslân op ‘t heden wakker redendield. De oanlieding is dat it regear fan dielsteat Beieren sein hat dat it de ferplichting foar soarchpersoniel om him tsjin koroana ynintsje te litten net hanthavenje sil.

De twa keamers fan it Dútske parlemint, de Bûnsdei en de Bûnsrie, hawwe ja sein tsjin de ferplichting, dy’t as doel hat om swakke pasjinten en âlde minsken tsjin besmetting mei it koroanafirus te beskermjen. Yn Dútslân bestiet navenant in soad wjerstân tsjin de yninting en benammen tsjin in ferplichting om jin ynintsje te litten.

De Beierske minister-presidint Markus Söder seit dat er bang is dat in protte minsken yn de soarch it wurk dellizze of in oare baan sykje as se kieze moatte tusken faksinaasje en har wurk.

Yn Dútslân wurdt in protte demonstrearre tsjin de koroanaregels. Boppedat nimt de druk op ‘e polityk om dy regels te fersoepeljen ta trochdat omlizzende lannen dat ek dogge. In nije, yn de eagen fan in soad minsken, swiere ferplichting lykas de foarstelde faksinaasjeplicht, is net populêr.

Tagelyk ferwite in soad Dútsers Söder dat er net konsekwint is. De fertsjintwurdigers fan ‘e dielsteat Beieren yn de Bûnsrie hawwe okkerdeis foar de ferplichting stimd. As dy no troch dyselde dielsteat net hanthavene wurdt, kin dat it fertrouwen yn ‘e oerheid skansearje, is it sizzen.

febrewaris 9, 2022 12:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.