Doede Wiersma: Underweis nei Peaske

febrewaris 20, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

De maitiid is in moaie tiid! Wy steane bliid ferwûndere as it deadske yn ’e natuer plak rommet foar grien en foarjiersblommen. Gjin niget dat yn in fier ferline al maitiidsfeesten fierd waarden. It libben hie it wer wûn fan ’e dea. Ienris wiene der minsken dy’t as hoeders, túnkers of bouboeren al withoelang dat feest fan ’e maitiid fierd hiene. Dy minsken bedarren troch honger yn in frjemd lân. Dêr waarden se as slaven behannele. It wie in ‘deads-lân’, in libben yn ’e izige klauwen fan ’e winter. Wie it yn ’e maitiid dat se op wûnderlike wize befrijd waarden?
Ha se dêrnei by dat feest om de maitiid, tagelyk it feest om dy befrijing fierd? In feest út tankberens, en om te witten dat ‘Egypte’ en ‘Farao’, diktatuer en diktator, noait it lêste wurd ha? In feest dat de hoop wekker ropt dat it libben it altyd wer winne kin fan ’e dea? In feest dat wach makket tsjin elke bedriging fan ’e frijheid en moedich ta ferset?

Sir Edward Burne-Jones, Mirjam
Publyk domein

It is noch mar inkelde tsientallen fan jierren lyn dat Joadske bern yn konsintraasjekampen Peaske fierden. De skriuwster Clara Ascher-Pinkhof die toanielstikjes mei de bern. Dan sei in jonkje: “Slaven binne wy.” In famke rôp: “Gjin slaven binne wy!” Dêrnei seine se tegearre: “God sil ús ek befrije.” Troch dat te sizzen fielden se har fier úttild boppe de terreur en bleau de hoop libben.
As Jezus oankommen fielt dat se Him fan kant meitsje wolle, dan wol Er Peaske fiere. Peaske as feest fan ’e hoop op befrijing, as hâldfêst yn it lijen dat wachtet, as oerwinning op ’e dea!
By dat Peaske heart Exodus 1:1-15:21 as ien grutte Peaske-liturgy dy’t ôfsletten wurdt mei de lieten fan Mirjam en Mozes. Dy liturgy nûget ús út om ús meinimme te litten yn dy ivich aktuele úttocht út tsjusternis en dea.

Lêze: Lukas 22:1-2; 7-13

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
febrewaris 20, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.