Doede Wiersma: Ik bin it libbensbrea

febrewaris 13, 2022 17:03

Oertinking

Jaume Huguet (1450). It lêste nachtmiel

Trije manlju sieten yn in finzenis op it deafonnis te wachtsjen. Doe makke ien yn syn sel in taffeltsje ree om it nachtmiel te fieren. Op ’e tafel kaam in handoek, de Bibel lei derop en yn in flesse stie in bloeiende tûke forsytsia. De oppasser kniep in eachje ticht en sa koene de twa oare manlju efkes nei de earste takomme. De iene mei in stealtsje wyn yn in flesse, de oare mei wat bôle. En sa fierden se it hillich nachtmiel. Ien fan ’e trije skreau yn in lêste brief nei hûs: “Doe’t ik werom rûn nei myn sel, wie it as sweefde ik, sá fielde ik de krêft fan Kristus.”
“Hear, jo neibyens is my brea!” Alle kearen as ik mei de gemeente it nachtmiel fierde, hope ik dat elk it sa belibje mocht.

It evangeelje fan Johannes ûntstie út oantinkens oan Jezus fan Johannes en de minsken om him hinne. Dy oantinkens binne sammele yn ’e earste sechstich jier nei de dea fan Jezus. Doe’t se opskreaun waarden, waarden dêr ek de ûnderfinings fan de earste kristenen út dy jierren yn meinommen. Dat fiele wy dúdlik yn Johannes 6:51-58. Dêr is al sprake fan in gemeente dy’t oan Jezus tinkt by de tekens fan bôle en wyn. Hy hie ommers sein: “Ik bin it libbene brea” (6:51). Yn it nachtmiel wurdt Jezus foar minsken in boarne fan moed, krêft, nije enerzjy.

Wy begjinne de Peaske-wiken mei de ‘Ik-bin-wurden’. Sân kear sil Jezus “Ik bin” sizze. Sân kear jout Er yn in byld oan wat Hy foar ús betsjut. Sân kear leit der ek in opdracht oan ús yn: By it nachtmiel heart de diakony: it tsjinjen (Johannes 13!). It bringen fan brea nei dy’t neat te iten ha, falt dêr ûnder.

“By ús folle skuorre en golle, leare Jo ús dit:
wol de earmen fiede, dat op hiel myn ierde,
nimmen honger lit” (Liet 781: 2 / Gesang 350: 2).

Lêze: Johannes 6:51-58 (Wa’t der tiid foar hat, kin ek de fersen 35-50 lêze en fynt dan ferskate parallellen)

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
febrewaris 13, 2022 17:03
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb febrewaris 15, 13:46

    Dat sei Jezus, Doede net!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.