Doede Wiersma: De earmen berôvje fan de sillichprizing

febrewaris 6, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

dr. Oepke Noordmans (1871-1956)
Boarne foto: Wikimedia Commons (fotograaf net bekend)

Yn syn meditaasjes skreau dr. O. Noordmans ûnferjitlike typearringen. Yn Zondaar en bedelaar (1946) freget er oft de tsjerke ek te folle omtinken jûn hat oan de sûnder en te min oan ’e bidler. God freget omtinken foar sûnder én bidler: foar de bidler is de earmoed, wat foar de sûnder de sûnde is. Noordmans skriuwt dan: “Jezus is op ierde kommen om sûnders sillich te meitsjen, mar op ierde hat Er de earme al sillich sprutsen. Dy sillichprizing meie wy harren net ôfpakke!”
Yn in oare meditaasje skriuwt Noordmans dat de blinen, de kreupelen, de melaatsken en de dôven in elite út de massa binne, in earste kar foar God; dêrom hoege se de hoop net op te jaan.

De sillichprizing fan de earmen fine wy yn twa farianten:

‘Sillich, jimme dy’t earm binne.’ (Lukas 6:20)
‘Sillich de earmen fan geast.’
Matteüs 5:3 (oersetting 1943, dy’t ik op dit plak better achtsje as dy fan 1978)

‘Earm fan geast’ slacht op de gefolgen fan de earmoed. Minsken binne troch de earmoed har ried te’n ein, se binne telider slein. It giet by Lukas en by Matteüs om materiële earmoed. Guon teologen sochten efter it ‘earm fan geast’ in figuerlike earmoed: jin earm fiele by God. Mar sa wurdt op sabeare fromme wize de earme fan syn sillichprizing berôve. Sûnder te leauwen is de earme al ‘sillich’, is de sjaloom fan God foar him bedoeld. Jezus is yn dizze sillichprizing in learling fan Spreuken:

“Sillich de minske dy’t it om earmen begruttet” (Spreuken 14:21; sjoch ek 14:31 en 19:17).

Noordmans beslút syn meditaasje mei: “Der is yn it evangeelje mear as dat de tsjerke har dêrút eigen makke hat.” Dat ‘mear’ is de ynset foar de earme. Berôvje de tsjerken de earmen yn ús tiid noch altyd fan dizze sillichprizing?

Lêze: Spreuken 14:21 en 31; 19:17

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
febrewaris 6, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric febrewaris 8, 14:15

    De earmen binne earm fan geast omdat se yn de Piramide van Maslow ienfâldige en rjochtfeardige winsken hawwe, wylst de winsken fan de folfretten middeklasse alle kanten op sjitte (fakânsje op Mallorca, nachthoareka iepen, populêr wêze, ideale partner hawwe wolle, ensafh.). Soe men dat yn it sillichsprekken fan ‘e earmen fan geast lêze meie?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.