Doede Wiersma: De ‘Blijde wereld’-dominys

febrewaris 27, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn 1902 setten seis jonge Herfoarme dominys yn Fryslân mei it blêd De blijde wereld útein. (Fan 1932 ôf krige it blêd de namme Tijd en Taak.) Op ’e foarside stie altyd: “Fan de Heare is de ierde mei al wat dêrop is” (Psalm 24:1).

Op ’e fraach: “Wêrom ‘Blijde wereld’?” seine se: “Us wrâld is tryst troch earmoed, wurkleazens, alkoholisme en oarloch. Mar dat is tsjin de bedoeling fan God. Hy wol fan dy tryste wrâld in blide wrâld meitsje. En wy minsken meie ús dêrfoar ynsette.”
Geweldich wat dy dominys út ’e wei set ha. Se stimulearren de ûntwikkeling fan minsken troch kursuswurk. Mei de Ando’s ha se minsken fan ’e drank ôf holpen. Ien fan harren wie de oprjochter fan de Reidflechtskoalle yn Noardwâlde.

Se wiene net allinne ‘blau’ (anty-alkohol), mar ek ‘read’ (se keazen foar it sosjalisme) en kearden har tsjin it militarisme. De striidbere Japke Tippersma yn Wommels kaam út de tradysje fan de ‘Blijde wereld’-dominys. By elke besite, ek noch doe’t se op har stjerbêd lei, sei se tsjin my: “Stride dominy: read en blau!” Sels hie se it fan jongsôf dien.

Yn dat ‘striden’ wie Psalm 24 de djippe driuwfear. It gie harren om de God dy’t de eigener is fan ’e ierde, mei alles derop en deroan. Dat prinsipe leart dat de ierde net fan de minsken, net fan de machthawwers, net fan de riken, net fan multy-nationals is. Nee, de ierde is fan God.

As minsken út dat ynsjoch wei te wurk geane, dan binne se goede rintmasters fan Gods ierde. Se wolle de God fan de ‘Blijde wereld’ kânsen jaan:

“Poarten, til jimme bôgen op,
oerâlde bôgen, riis omheech
dan kin de geweldige Kening yngean!”

Lêze: Psalm 24

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

 

febrewaris 27, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.