Doarpsbrûsdei ‘We binne wer los!’
Resint ferskynd
Stifting Doarpswurk organisearret op sneon 12 maart de Doarpsbrûsdei ‘We binne wer los!’. It hat (te) lang stil west yn it doarp en yn it doarpshûs. Mei-inoar wol de stifting wer libben yn ’e brouwerij bringe.

Boarne: Stifting Doarpswurk
Dat kin allinnich mei-inoar. Doarpswurk is úteinset mei in kampanje om doarps- en buerthuzen te ynspirearjen mei te dwaan om der in brûzjende dei fan te meitsjen mei in mannichte aktiviteiten. En it doarpshûs – mei it inoar wer moetsjen – sil dêr sintraal yn stean. Hiel Fryslân moat 12 maart wer brûzje.
Doarpswurk sil dêrby stypje troch ynspirearjende foarbylden te dielen, konseptdraaiboeken foar doarpshuzen op te stellen en mei te tinken en te wurkjen oan aktiviteiten dy’t organisearre wurde sille.
Foar de ôftraap fan de kampanje is in filmke makke, dat hjirûnder te sjen is. Dêrneist sil Doarpswurk de kommende wiken hieltyd mei nije suggestjes komme om der in moaie dei fan te meitsjen. Dat alles ûnder hekstek #WeBinneWerLos.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje