Dit wichtige klimaatdoel is wol helle

febrewaris 9, 2022 11:45
Foto: Unsplash

Ien fan ‘e wichtige klimaatdoelen dy’t de Nederlânske oerheid foar himsels steld hie, is helle woarn. It giet oer in foarriedich doel foar de perioade 1990-2020. De Hege Rie makke yn 2019 út dat de oerheid ferplichte wie om dat doel te heljen. De útspraak waard dien yn in saak dy’t miljeu-organisaasje Urgenda oanspand hie.

It doel wie dat de útstjit fan broeikasgassen yn 2020 in fearn leger wêze soe as yn 1990. Dat is rom slagge: it ferskil is sels 25,5 persint. Benammen de lêste pear jier is de útstjit fan ‘e skealike gassen hurd tebekrûn: yn de perioade 2019-2020 naam dy mei hast njoggen persint ôf.

In wichtich oanpart yn it tebekkringen fan ‘e útstjit spilen de enerzjysintrales. Dy makken minder gebrûk fan stienkoal. Fierder spile mei dat 2020 in ridlik waarm jier wie, sadat der minder ferwaarming brûkt is. Der wie ek minder útstjit troch auto’s. Foar in grut part kaam dat troch de koroanaregels.

Dat sokke tafallige faktoaren as waarmte en koroana makke hawwe dat de oerheid it klimaatdoel helle hat, is foar Urgenda net befredigjend. De útstjit troch de yndustry is bygelyks hielendal net sakke. Urgenda wiist derop dat de oerheid ferplichte is om yn 2030 de helte minder broeikasgassen út te stjitten as yn 1990. Dêr moat neffens de organisaasje better belied foar komme.

febrewaris 9, 2022 11:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.