Debútroman Meindert Talma yn it Frysk
Resint ferskynd

Foarmjouwing: Peter Boersma
By Utjouwerij Regaad ferskynt op 27 febrewaris in nije oersetting: Damje mei ome Hajo. It is de Fryske oersetting fan Meindert Talma syn debútroman út 1999. It boek beskriuwt de jeugd fan de skriuwer yn de santiger en tachtiger jierren yn ’e Wâlden. De tiidgeast en sfear út dy krite wurde beskreaun mei de ûnderkuolle humor dy’t it wurk fan Talma typearret. De Fryske oersetting is fan Anne Popkema.
Meindert Talma sit dit jier 25 jier yn it artystefak. Tagelyk mei syn boeken bringt er ek altiten in muzykalbum út. Talma fiert syn jubileum troch by it Grinzer poppodium Vera op njoggen konsertmiddeis, útspraat oer it hiele jier, syn hiele muzikale oeuvre yntegraal te spyljen. Op sneintemiddei 27 febrewaris trapet Talma ôf mei de beide albums Leave Stumper (2001) en Dammen met ome Hajo, dat tagelyk mei syn debútroman ferskynd is, yn 1999. By dizze gelegenheid is ek de Fryske oersetting te keap. De ferkeappriis is € 15.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje