De wrâld hat der twa nije lannen by, alteast neffens Wladimir Poetin
Resint ferskynd

Donetsk en Loehansk (donkergiel) yn de Oekraïne (giel). Foto: Wikipedia/Sven Teschke – CC BY-SA 3.0
De regearen fan Donetsk en Loehansk hawwe Wladimir Poetin lykwols om help frege, mei’t hja neffens eigen sizzen te krijen hawwe mei ynfallen fan Oekraynske militêren. Ruslân seit dat it fiif “Oekraynske ynslûpers” deade hat dy’t yn Ruslân dwaande wêze soene mei in oanslach op Donetsk en Loehansk.
Dat Ruslân de twa gebieten as selsstannige steaten erkenne wol, soarget by Westerske regearen foar soarch en lilkens. Dat hat mei te krijen mei de ûnderfining mei de Russyske erkening fan Abgazië en Súd-Ossetië as selsstannige steaten yn 2008. Doe rjochtfeardige Ruslân de ynfal yn Georgië mei it sizzen dat it de twa lannen te help kaam. De eangst bestiet dat Ruslân de Oekraïne binnenfalle sil.
Ruslân bout al in skoft in legermacht op ticht by de grins mei de Oekraïne. Hege Russyske fertsjintwurdigers hawwe de ôfrûne dagen sein dat de ynwenners fan Donetsk en Loehansk beskerming krije moatte tsjin “genoside” en dat it easten fan de Oekraïne histoarysk en kultureel by Ruslân heart.
Freegje de minsken dy’t der wenje sels. Selsbeskikking jildt net allinnich yn Skotlân, Kosovo en Kataloníë.
In pear gedachten op in drôve dei.
Poetin is hurd op wei in soarte fan Hitler te wurden! En dy hie perfoarst ek neat mei in demokratyske Oekraïne hân. De Oekraïne hat dan ek mar ien echte ferdigening en dat is dy wei fan ‘e demokrasy. Dy wei soe by eintsjebeslút foar Ruslân ek wolris in goede wêze kinne.
Wol wurdt it de heechste tiid om binnen de NAFO better nei de Europeeske lûden en minder nei dy hetsige Amerikanen te harkjen. Beskate widzen fan Ruslân stiene no ienris yn ‘e Oekraïne.
Cor Jousma, it is nochal heftig om eltsenien te fergelykjen mei Hitler. (Hitler waard oars sponsere troch Vacuum Oil.)
Wat yn de Ukraine oan de hâwn is, is in tige yngewikkeld ferhaal. De Amerikanen brûke it as ôflieding om harren eigen problemen net yn it sicht te hoegen bringen. Putin fertsjinwurdigd de bilangen fan Ruslân en Russen, derfoar is hy oansteld. Ik bin net bang dat Ruslân Jeropa feroverje sil. Der sit foar harren gjin winst yn. 150 miljoen Russen kinne kwaliks harren eigen lân besette. En sille dan dy 150 miljoen Russen kontrôle krije oer mear as 500 miljoen Jeropeanen?
En noch efkes wat. Putin wit folle mear oer Nederlân ast tinkst. Dêr hat hy altiid al grutte bilangstelling foar hâwn.
Krekt sa de WOII begûn is, sa spylet it spultsje no ek, de krêften dy’t graach oarloch wolle, sitte foar in grut part yn de City of London. Der sitte de echte ‘warmongers’. In demokratyske lân Amearika hat de lêste 200 jier mear as 200 kear in oarloch begûn. It lân wer wy tige bang foar makke wurde, Iran, 0 kear.
[ it is nochal heftich om eltsenien te fergelykjen mei Hitler.]
Doe’t ik fan ‘e wike dat toanielstikje op ‘e tillefyzje seach, moast ik tinke oan ‘e bern. En dan sis ik dit en dan moasto dat sizze…
Poetin is eltsenien net. We sjogge Poetin hieltiten mear trochgroeien ta in earste klasse diktator. Nei Jeltsin brocht er rêst yn dy grutte tinte dy’t wy foar it gemak mar Ruslân neame. Doe hat Poetin omraak kontakt mei it westen socht. Mar hjirre rinne wy graach efter de Ingelsen, lês Amerikanen, oan. De NAFO, de Amerikanen foarop, hie Gorbatsjov nea belazerje moatten.
Fansels hawwe wy yn it Westen in hiele bûterberch op ‘e holle.
Cor, wer hellest do dit: ‘ We sjogge Poetin hieltiten mear trochgroeien ta in earste klasse diktator.’ wei?
Martinus, sjoch no ris nei de “demokrasy” yn Ruslân. Minsken dy’t ôfwike bedarje yn ‘e bak as se net fermoarde wurde. De gewoane Russen kinne hast gjin oare lûden beneikomme as de mearkes fan Poetin. En wat diktators eigen is, dy oege leaut se sels ek noch.
Ruslân en Oekraïne binne los fan de taal beide tige Russyske lannen dêr’t de NAFO ôf te bleauwen hie. Mar in Russyske Oekraïne mei in demokrasy op kommende wei, dêr moat Poetin NEAT MEAR fan hawwe fansels.
Cor, de fraag wie; Wer hellest dit wei? Bist begelyks yn Ruslân wêst?
Bin ik fergetten te freegjen. Hoefolle flechtelingen komme út Ruslân wei?
Martinus, as Frysktalige Nederlanner haw ik altiten in iepen blik foar en nei Europa hân. Spitigernôch moat ik my dêrby behelpe mei Dútske oersettings fan boarnen/boeken út ferskate Europeeske (Russysk/Oekraynsk) talen.
Cor, dan komt de fraach, hast do beide partyen oanheard? It Hollânske wurd ‘oordelen’ soe ik graach oersette wolle yn it Frysk mei ‘eardiele’
En wer ik fan dy ek graach noch it antwurd fan krije wol: Hoefolle flechtelingen binne der de ôfrûne 20 jier út Ruslân weikaam?
Ja, ik haw boarnen út sawol it Russysk as út it Oekraynsk.
Hoefolle dissidinten út Ruslân en Wytruslân yn it westen sitte, wit ik net. Mar sels bûten Ruslân binne dy amper feilich en wurde guon fermoarde…
Cor, ik freegje net om dissidinten, mar om flechtelingen.
Nederlân had ek dissidinten. En krekt as Ruslân hat Nederlân polityk finzenen
[Nederlân hat ek dissidinten. En krekt as Ruslân hat Nederlân polityk finzenen]
Ik joech dy besteklike antwurden en haw gjin nocht oan geëamel. Amen!
Cor, jowst gjin antwurden op myn fragen. EN, bist ek net nijsgjirrich. Vacuum Oil???
Putin wit in protte oer Nederlân????
City of London oarsaak fan WOII???
USA begjint 220 oarlochen yn de lêste 200 jier en Dictauur Iran 0 kear????
Ik hier hjir op reagjearre, fan hee, wat bedoelst do hjir mei.
Cor, ik bin in kreng at ien gjin antwurden jowt
Somtiden moatte jo yn in pear dagen jo miening bystelle.
By eintsjebeslút bin ik foar de Baltyske en de oare steaten bliid dat dy no ûnder de NAFO falle. Mei sa’n diktator as Poetin is Oekraïne no ynienen oerlevere oan ‘e mearkes en wanen fan dy psychopaat. Dêr wol men yn it Europa fan 2022 dochs gjin rekken mear mei hâlde.
Bliksems, wat betellet Oekraïne in hege priis foar it prille begjin fan de demokrasy.