Dammers oaninoar weage

febrewaris 21, 2022 10:05

Lollum – Nei in jier oerslaan is sneon it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul wer fan ’e ein gien. It wie foar de dammers dúdlik wer wennen, oars ek foar de tablets dêr’t op notearre wurdt en dêr’t op friesdammen.nl en toernooibase.kndb.nl de partijen live mei te folgjen binne. De apparaten krigen pas nei in soarte fan boosterprip de guit wer.

Yn de kampioensklasse waard de helte fan de wedstriden kamp; it Frysk damjen begjint suver op in echte tinksport te lykjen. De favoriten Taeke Kooistra, Marten Walinga en Jelle Wiersma hiene ek fan de remizegoarre te lijen, dat elkenien hat al in skavankje oprûn. Titelferdigener Wiersma siet him dêrby it meast te knipen. Henk Haanstra helle der tsjin him fia in tuskentiidske daam in prachtige slach út, en kaam sa ek in hout foar. Tusken hingjen en wjirgjen waard it foar Wiersma noch kamp. De favoriten wurde oan ’e top beselskippe troch Siebe Walinga. Hy hold mei in soad strategyske ruilerij syn broer Marten op remize, neidat er de moarns Tsjerk Wijbenga ferslein hie. Pieter Hoogterp is yn dizze klasse noch sûnder punten, mar hy hat mei Kooistra en Wiersma de dreechsten ek hast al hân.

Yn de twadde acht naam Willem Schaap de kop, ek al warden Willem Hoekstra en Bauke Dijkstra har oant de ein ta. Yn dizze klasse hat rûtinier Kees Tijssen dit jier troch sykte spitigernôch ôfsizze moatten. In oare feteraan, Sjoerd Couperus fan Snits, kaam yn twa partijen net fierder as in heal punt.

Yn de tredde acht koe Ype Boelens sneon ek gjin acte de présence jaan, want hy moast fanwegen stoarmskea driuwend it dak op. Marcel Altena en Frans Kingma hawwe hjir nei twa partijen de folle winst.

It kampioenskip wurdt tiisdeitejûn fuortset yn Jorwert.

Utslaggen
Kampioensklasse, earste omloop: Pieter Hoogterp (Gaastmar) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Hein de Vries (Ljouwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0. Twadde omloop: Wiersma – Haanstra 0,5-0,5; Kooistra – Hoogterp 1-0; M. Walinga – S. Walinga 0,5-0,5; Wijbenga – De Vries 0,5-0,5.
Stân: Kooistra, M. Walinga, S. Walinga en Wiersma 1,5; Haanstra 1; De Vries en Wijbenga 0,5; Hoogterp 0.

Twadde acht, earste omloop: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Willem Schaap (Dearsum) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Liuwe Westra (Lollum) – Sjoerd Couperus (Snits) 1-0; Bauke Dijkstra (De Tynje – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0. Twadde omloop: Schaap – Dijkstra 1-0; Groenveld – Westra 1-0; Couperus – Van der Meer 0,5-0,5; Tijssen – Hoekstra 0-1.
Stân: Schaap 2; Groenveld 1,5; Dijkstra, Hoekstra, Van der Meer en Westra 1; Couperus 0,5; Tijssen 0.

Tredde acht, earste omloop: Marcel Altena (Blauhús) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0; Frans Kingma (Jorwert) – Bernard Kroon (Blauhús) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1. Twadde omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Altena 0-1; Kroon – Sikma 1-0; Dyk – Kingma 0-1.
Stân: Altena en Kingma 2-2; Dyk en Kroon 2-1; Boelens 0-0; Kooistra en Wiersma 1-0; Sikma 2-0.

febrewaris 21, 2022 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.