Briefkje oer taal (1)

febrewaris 22, 2022 08:00
Twa meiwurkers fan It Nijs, Ed Knotter en Jan Breimer, dy’t altyd wat op ’e eftergrûn bliuwe, briefkje wol gauris mei-inoar oer taalkwestjes. Fan hjoed ôf sette se dy briefkes tiisdeis op It Nijs. Jan begjint hjoed en takomme tiisdei reagearret Ed dêrop. Reaksjes fan oaren binne tige wolkom.

Oan Ed Knotter

Bêste Ed,

Do en ik hiene it okkerdeis oer wurden dy’t yn it Hollânsk rûnom bekend binne en dy’t yn it Frysk net besteane, dêr’t wy gjin wurd foar hawwe. As wy yn it Frysk wat fertelle wolle dêr’t sa’n wurd yn brûkt wurdt, moatte wy neitinke oer hoe’t soks yn it Frysk dan wol sein wurdt. Wy neamden doe al efkes in wurd dat op it stuit faak te hearren is: grensoverschrijdend. Op himsels is dat in dúdlik wurd: men giet oer in grins, al tinkt hast elkenien tsjintwurdich wol daliks oer in spesifike grins. As we oer lânsgrinzen geane, sil dat wurdt net brûkt wurde.

It earste lid, grins, jout gjin swierrichheid, mar it twadde wol. Schrijden wurdt selden brûkt. It Frysk Wurdboek set dat mei trêdzje en stappe oer. Overschrijden wurdt faker brûkt; yn it Frysk hjit dat oertrêdzje. Dat brûke wy amper. Wy kenne wol oertrêder en oertrêding, mar om dat mei grins te kombinearjen wol ús net oan. Grinsoertrêdzjend komt dan ek net yn de wurdboeken foar. As we de taalhelp Frysker.nl rieplachtsje, lêze we ‘grensoverschrijdend = oer de grinzen hinne’ en ‘grensoverschrijdend seksueel gedrag = grinskrusend seksueel gedrach.’ As we freegje hoe’t ‘Hij wordt verdacht van seksueel grensoverschrijdend gedrag’ oerset wurdt, dan krije we: ‘Hy wurdt fertocht fan seksueel grinsoerskridend gedrach.’ Hoe’t sokke net-Fryske wurden as gedrach en grinsoerskridend yn dat programma bedarre binne, is my in riedsel. It is te hoopjen dat de taalgelearden dy’t dêroer geane, soks sa gau mooglik útbanne.

Soe net folle natuerliker wêze: Hy wurdt derfan fertocht dat er yn syn hâlden en dragen seksueel te (of fierstente) fier gien is? Dan witte we noch wol net wat er krekt útfretten hat, mar wol dat der stront oan ’e knikkert is. ‘Hy ken syn grinzen net’, makket yn in berjocht oer immen dy’t oanklage wurdt omdat er mei útlittingen of hannelingen in oar kronken hat, ek wol dúdlik dat der wat te rêden is.

Wat tinkt dy fan de oplossingen dy’t ik neam?

Jan

febrewaris 22, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk febrewaris 22, 22:54

    Neffens my ha jim ien fan de wichtichste kwestjes by de poat dy’t spylje by it oersetten fan Nederlânsk nei Frysk, nammentlik it ferskil tusken de haadwurdstyl fan it formele Nederlânsk en de tiidwurdstyl fan it Frysk (en ek fan ynformeel, folksaardich Nederlânsk).

    Wat no yn wat amtlik Nederlânsk ‘grensoverschrijdend gedrag’ neamd wurdt, bestiet fansels al heel lang en der waard útsoarte ek altyd wakker oer praat, mar net mei in abstrakt haadwurd lykas ‘gedrag’, mar mei tiidwurden – de wurdsoarte by útstek om oer hannelingen te praten.

    Jim “Hy ken syn grinzen net” is moai en natuerlik. Foar “Hij wordt verdacht van grensoverschrijdend gedrag” soenen jim noch tinke kinne oan “Der wurdt him bylein dat er te fier gongen is”, “Se sizze (as it fertinken net juridysk fan aard is) dat er raar wurk makke hat”, “It Iepenbier Ministearje wol ha (as it wol juridysk is) dat er ien tenei west hat”. As it wat byldzjender kin, kinne jim ek noch sizze: “It sizzen is dat er in frommeske net fan ‘e hûd ôf bliuwe koe” of “Der wurdt grute dat er de hannen net thúshâlde koe”.

    En as it echt mei in haadwurd moat, dan is ‘dwaan’ of ‘dwaan en litten’ soms wol gaadlik foar ‘gedrag’: “Syn dwaan (en litten) wie der fier by troch”, “Syn dwaan (en litten) wie bûten (alle) roai”.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.