Boerebrulloft yn Spannum

febrewaris 5, 2022 09:14

Op woansdei 2 febrewaris fierden de bern fan cbs De Tarissing yn Spannum de ôfsluting fan de lanlike PoëzijWike mei in lytse Fryske brulloft. Yn Spannum stie de Poëzijwike dit jier yn it teken fan skriuwer Waling Dijkstra. De bern hawwe, krekt as dy skriuwer eartiids die, in houliksoantinken foar it breidspear makke. Dat woene se graach oan it breidspear Frans en Ytsje de Haan jaan, mar it hynder wie ûntkommen en sa moasten de bern sels de koets lûke.

Foto: Alie de Haan

Woansdeitemoarn om 10.00 oere kaam in koetsier dy’t slim yn noed siet mei ien Frysk hynder by de skoalle oan. It oare wie him ûntkommen, dat de koets mei it breidspear koe net nei de skoalle ta komme. Dat hawwe de bern oplost. Mei twa touwen foar de koets en oan elts tou sân bern lutsen se de koets de lêste 200 meter nei de skoalle ta. Dêr waarden se ferrast mei muzyk fan in ploech muzikanten fan cmv Oranje en by alle huzen yn ’e strjitte hong de flagge út. Sa krigen Frans en Ytsje de Haan einliks ‘de brulloft’ dy’t se fertsjinne hiene. Hja soene yn ’e simmer fan 2020 boaskje, mar dat feest koe net trochgean troch de koroana. In jier letter gie it grutte troufeest ek oer. Mar dit jier hoopje se dat yn juny 2022 it echte feest fierd wurde kin. De lytse boerebrulloft yn Frysk kostúm fan ôfrûne woansdei wie in kadootsje fan de bern fan Spannum oan Frans en Ytsje.

Foto: Alie de Haan

Doe’t it breidspear op it skoalplein oankaam, waard it liet Simmermoarn troch in lytse delegaasje fan it korps Oranje spile, en songen de bern it bekende liet fan Waling Dijkstra mei. It moaie is dat dy it liet yn 1851 skreaun hat yn de rite dat er yn Spannum bakker wie. Nei de muzikale aubade krigen de feestgongers waarme poeiermolke. Bûten op it skoalplein liezen de bern de selsmakke Wintermoarn-gedichten foar. De dichter is der nea oan ta kommen om neist it Simmermoarn-gedicht ek in Wintermoarn-gedicht te meitsjen. Mar dat hawwe de bern fan Spannum yn de PoëzijWike foar him oplost. De gedichten binne ferwurke yn in boek foar it breidspear, krekt as it houliksoantinken dat de bern makke hawwe neffen it foarbyld fan Waling Dykstra.

Foto: Alie de Haan

It is it lêste jier dat der yn Spannum in basisskoalle is. De Tarissing slút fan ’t simmer de doarren. Der sitte noch fjirtjin bern op, dy’t mei harren juffen der in moai jier fan meitsje wolle. En dêr helpt de Fryske brulloft foar Frans en Ytsje grif by. De Fryske PoëzijWike yn Spannum is mooglik makke troch in bydrage fan it Fryslân Fûns. It fûns wol it brûken fan de Fryske taal ûnder de jongerein stimulearje. Dat past hielendal yn it strjitsje fan Waling Dijkstra. Yn juny 2023 wurdt yn Spannum in muzikaal teaterspektakel oer Waling Dijkstra op ’e planken brocht troch Team Waling Dijkstra.

febrewaris 5, 2022 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.