Binne Mosk: Dickpic

febrewaris 10, 2022 18:10

Kollum

Boarne: www.morguefile.com

Ik wie fan doel om wat te skriuwen oer in fakatuere by de Cultuurraad, mar jimme sille begripe dat der fan ‘e wike earst in oare wichtige saak besprutsen wurde moat. Der is gjin krante, telefyzje- of radio programma, dêr’t oan it probleem gjin omtinken óan jûn wurdt en dan kinne cartoonisten en kollumnisten net efterbliuwe om harren ljocht skine te litten oer de dickpic. No haw ik net ûnder in stien libbe, mar ik hie oant koartlyn nea fan dat wurd en ûndernimmen heard en dat wylst it al bestiet fan 1993 ôf. Op dy Cultuurraad kom ik werom.

Jierren lyn kocht ik by De Slegte ‘Het penisboek’. Dy âlde útjefte bestiet net mear, mar der is ûndertusken in nije. Myn lêzers hoege harren gjin soargen te meitsjen: ik haw it boek net kocht fanwege problemen mei myn pileman. Ik bin der net grutsk op, mar ik skamje my der ek net foar en ik haw dokter Vogel mei syn hannel of VitaePro neffens de reklame ‘goed voor spieren en gewrichten en een voedingsupplement ontwikkeld ter ondersteuning van bewegen’ net nedich om myn pileman dwaan te litten wat er dwaan moat. No sit er ek gjin gewricht yn.

Om werom te kommen op dat boekje. It is in serieuze útjefte mei ynformaasje, tekeningen, advizen, sekstips en in soad foto’s lykas fan dy man mei in peniskoker. It liket my net praktysk om sa’n ding te dragen. Ik tink dat der tsjintwurdich net in soad manlju mear te finen binne mei sa’n koker dy’t altyd omheech stiet.

De peniskoker het deselde funksje 

Dy peniskoker hat deselde funksje as de dickpic. Sjoch my ris mei myn grutte. It heart by jonkjes. Wa kin it fierste pisje, wa hat de grutste, efkes mjitte mei de liniaal as juffer it lokaal út is, wa doar op in Fryske greide tsjin de skoktrie te pisjen. Mar sokke healwizichheden litte de measten efter harren tsjin in jier of tolve.

Ta myn ferbjustering is dat dus net sa, sjoen de foto’s dy’t guon manlju ferstjoere. Myn favorite cartoonist Bas van der Schot hie der op 9 febrewaris yn de Volkskrant in tapaslike print oer makke: in grutte sterke aap mei in plaatsje fan in pilemantsje yn it krús.

Der falt in soad te sizzen oer dizze kwestje. Ek op ‘It Nijs’ binne stikjes te finen. Ik haw Feie Fonyk om tastimming frege. Sa skreau er op 12 maart 2015 yn ‘Der wurdt te folle metten” dit :

Koartlyn lies ik dat der nij ûndersyk dien is nei de pileman. Hokker lingte is normaal en wat fine de manlju en froulju derfan. Binne se tefreden? Der is wittenskiplik fêststeld dat de measte pilen yn stive tastân sa tusken de 12 en 16 sintimeter binne. Dêrby makket it net út hoe lang oft josels binne of hoe lang oft jo noas is. Apart. Men soe dochs sizze dat der ferskil wêze moat tusken dy lytse Pygmeemantsjes en Friezen fan de klaai.

Of dit en dat giet û.o. oer de eftergrûn fan it dickpic wêzen, dat neffens my en Feie te krijen hat mei de biologyske en psychologyske ferskillen tusken manlju en froulju. Dit komt út in stikje fan 9 maart 2017 oer faginisme. Belle Derks hâlde koart derfoar de jierlikse Alette Jacobslêzing yn Grins. Sy is heechlearaar sosjale psychology yn Utrecht.

Neffens Derks libje der by froulju en by manlju in soad stereotipen: froulju hawwe minder ambysje, se ûnderhannelje net, manlju binne folle krêftiger, kinne better lieding jaan, froulju wolle aardich fûn wurde, binne geskikter foar soarchtaken, om mar in pear fan dy foaroardielen te neamen. Sadwaande sjogge wy mar yn lyts persintaazje froulju yn de top fan bedriuwen. Nammentlik minder as tweintich persint. Dat jildt allyksa foar it tal heechleararen. Alteast neffens Derks. 

Ik wit net wat ik derfan tinke moat. Se sil it grif yn guon opsichten by de rjochte ein hawwe, mar ik bin in oertsjûge Darwinist. Dat betsjut dat ik tink dat jo nei it aard fan it bist sjen moatte en dat net alles ôfhinget fan opfieding en sosjale omjouwing. Ik bedoel mar. Jo sjogge wolris by âlden dat hja mei de bêste bedoelingen harren jonkje fan fjouwer jier in poppe jouwe. Meastal smite dy jonkjes dy poppe yn de hoeke fan de keamer of se draaie der in skonk út. It is net allegearre ‘nurture’, mar ek in soad ‘nature’.

Wat moatte wy hjir no mei. Ik tink dat nei de lêste berjochtjouwing en opskuor de measte manlju, want it binne benammen manlju, ik bin net tsjinkommen dat der froulju binne dy’t in foto fan harren eigen kut ferstjoere, mar wa wit, ik tink dus dat de measte manlju it no wol út ´e harsens litte om sa’n foto te stjoeren. It is trouwens ek in gepiel, want hoe krigest him der goed op.

No soe ik yn de opskuor hast dy Cultuurraad-fakatuere ferjitte. Sjoch foar de folsleinens

Vacatures Lid Raad voor Cultuur

Mei û.o dizze ynformaasje:

“De Raad voor Cultuur adviseert de regering en het parlement over het te voeren kunst-, cultuur- en mediabeleid. In de samenstelling van de raad wordt gestreefd naar een evenwichtige vertegenwoordiging uit verschillende regio’s, bevolkingsgroepen, leeftijdsgroepen en seksen” 

It soe goed wêze dat der in Frysktalige fertsjintwurdichster yn komt. Dan kin dy Stef Avezaat stypje dy’t der no al yn sit. Hy is direkteur fan de Lawei. Der wurdt net frege om foto’s mei te stjoeren fan parten fan it lichem. Kom op froulju, der efteroan.

Hjirby de fakatuere yn de NRC fan saterdei 5 febrewaris.

 

 

febrewaris 10, 2022 18:10
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Th. Dykstra febrewaris 16, 16:12

    Wa is de skriuwer fan de kollum?

  2. Eric febrewaris 17, 10:35

    It is wol nuver: anonym reagearje kin net by It Nijs (en dat is goed), mar anonym kollums skriuwe, dat kin al (en dat is net goed).

  3. mbc84 febrewaris 17, 14:47

    Binne Mosk is de skriuwer…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.