‘Better foar Letter’ bêste sirkulêre boargerinisjatyf fan Fryslân

febrewaris 12, 2022 12:55

Better foar Letter, in duorsume buertmerk-fiedselkoöperaasje yn Menaam, wint de priis foar it bêste sirkulêre boargerinisjatyf fan Fryslân. Dy oanmoedigingspriis is yn it libben roppen troch de Fryske Miljeufederaasje en waard tapaslik útrikt yn de Wike fan de Sirkulêre Ekonomy. Tongersdei 10 febrewaris mocht Better foar Letter in sirkulêre trofee, makke fan resthout, yn ûntfangst nimme. Dêrneist mei de organisaasje in jier lang it spesjaal foar him ûntwurpen Omlooplogo fiere.

Foto: Joachim de Ruijter

Lanlik wiene der yn totaal mar leafst 33 nominaasjes foar de boargerinisjatyfpriis. Dochs koe der yn alle provinsjes mar ien de winner wêze. Better foar letter kaam yn Fryslân as bêste inisjatyf út de bus. As buertmerk en itenskoöperaasje set de organisaasje him yn om lokale en duorsume produksje fan iten te stimulearjen. Dat wurdt dien troch kontakten mei boeren en itensprodusinten út de streek te lizzen en de produkten mienskiplik op in buertmerk te ferkeapjen. Op dy wize meitsje se lokaal iten leechdrompelich tagonklik foar de buertbewenners.

“Wat is der net sirkulêr oan it inisjatyf? Dizze entûsjastelingen dy’t de buertsuper Better foar Letter opset hawwe, soargje foar in koartere fiedselstring, minder itenfergriemerij, iten sûnder ferpakking, minder CO-útstjit en gâns in protte lokkige leden!”, sei de sjuery. It bestjoer fan Better foar Letter, besteande út Jettie Visser, Jelmer Lautenbach, Klaas Agricola en Frans Nieuwhof, mochten de sirkulêre bokaal yn ûntfangst nimme. “Wy fine it in eare om de priis te krijen. Mei de boeren út de streek wurkje we hurd om lokaal en duorsum iten beskikber te meitsjen foar elkenien út de buert. Wy hawwe gjin winsteachmerk, dat de boer kriget in earlike priis. Wy hoopje dat ús inisjatyf in foarbyld foar oaren wêze mei.”

Omlooplogo
De wikseltrofee mei in jier lang op de skoarstienmantel fan Better foar Letter stean. Takom jier is in oar inisjatyf oan bar. De omslach rjochting in sirkulêre ekonomy is ien dy’t spitigernôch net fansels giet. Dêr binne ynwenners foar nedich dy’t it lot yn eigen hannen nimme. Dy’t net ôfwachtsje kinne, mar de feroaring dy’t se sa graach sjen wolle, sels bewurkstelligje. Fryslân hat al hiel wat fan dy sirkulêre ynwenners, dêr’t guon fan harren eigen boargerinisjatyf opset hawwe. De priis foar meast sirkulêre boargerinisjatyf wurdt ek yn sân oare provinsjes útrikt.

febrewaris 12, 2022 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.