“As skiednis in gesicht kriget, dan wurdt it pas wier”

febrewaris 26, 2022 09:11

De foarstelling ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’ oer it libben fan de optimistyske en soarchsume berneboekeskriuwster Ilse Weber, sil noch seis kear te sjen wêze. In oangripend muzikaal ferhaal ûnder rezjy fan Bart Kingma.

Ilse Weber (publyk domein)

Ilse Weber wie in Joadsk-Tsjechysk skriuwster en komponiste. Se waard yn 1903 as Ilse Herlinger yn Moravië berne. Se troude yn 1930 mei Willi Weber en waard yn 1944 Auschwitz mei ien fan har bern fermoarde. 

Se wie noch mar fjirtjin jier doe’t se al Joadske bernemearkes en toanielstikjes foar bern skreau. Foar Radio Praag produsearre se programma’s. Mei har man hat se it libben fan harren âldste soan rêden troch him mei in bernetransport nei Sweden te stjoeren.

Yn 1942 waard se oppakt en nei it konsintraasjekamp Theresienstadt brocht. Dêr wurke se as ferpleechster yn de berneôfdieling fan it sikehûs. Doe skreau se ek en makke se lietsjes. De Sweedske mezzosopraan Anne Sofie von Otter hat mei pear oare keunstners dêr yn 2007 in stik of wat fan op de cd ‘Terezín/Theresienstadt opnommen. Uteinlik is se nei Auschwitz oerbrocht. (Boarne: Wikipedia)

Foto Piet Douma

Spyldata en -plakken mei adres foar mear ynformaasje
Sneon 5 maart, Koarnjum, Doarpshûs De Bining (https://www.debining.nl)
Woansdei 9 maart, Frjentsjer, Teäter De Koornbeurs (https://www.theaterdekoornbeurs.nl)
Sneon 19 maart, Snits, Kulinêr Teäter Lewinski (https://www.lewinski.nl)
Sneon 26 maart, Bant, Teäter Bantsiliek (http://www.bantsiliek.nl)
Freed 1 april, De Gordyk, Teäter De Skâns (http://www.skans.nl)
Woansdei 6 april, Bûtenpost, Muzykpaviljoen MeM (http://www.paviljoenmem.nl)

In stikmannich prachtige gedichten fan Ilse Weber binne yn it Frysk oerset troch Eppie Dam. Addy Scheele en Tseard Nauta makken de komposysjes. De gedichten en lietteksten binne by Afûk Utjouwerij útkommen yn it twatalige (Dútsk-Frysk) boek Wat in koffer seit.

febrewaris 26, 2022 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.